Katalaansk regear plent ôfskieding, Madrid wol yngripe

septimber 27, 2015 21:04

Oer maksimaal oardel jier moat Kataloanië in selsstannige steat wêze. Dat sizze de Katalaanske presidint Artur Mas en de foaroanlju fan de Katalaansk-nasjonalistyske partijen Junts Pel Si en CUP. De partijen hawwe neffens in peiling tegearre de mearderheid yn it Katalaanske parlemint. Se hawwe tusken de 74 en 79 sitten helle. Foar in mearderheid yn it parlemint mei 135 sitten binne mar 68 sitten nedich.

FNP-Steatelid Sybren Posthumus wie yn Barcelona. Klik hjir foar syn ferslach.

It Spaanske regear ferset him fûl tsjin de plannen. Kataloanië hat neffens Madrid gjin rjocht om de ûnôfhinklikens út te roppen. It Spaanske parlemint riedt in needwet ta om de Katalaanske presidint ôf te setten en Kataloanië ûnder direkt bestjoer fan it ryksregear te bringen.

Kataloanië hat in eigen taal en kultuer, dy’t it tige stipet. Der hawwe altyd botsingen west tusken Katalanen en Spanjerts. Under Franco waard de Katalaanske taal ûnderdrukt. Hoewol’t it Katalaansk hjoed-de-dei as earste taal fan ûnderwiis en bestjoer brûkt wurdt, hawwe Spaanske politisy en militêren sels de ôfrûne jierren noch besocht om de taal te ferbieden of om Spaansktalige bern fan it Katalaansk te isolearjen.

Nei alle gedachten hat krekt wat minder as de helte fan de ynwenners fan Kataloanië foar de twa ôfskiedingspartijen stimd. Yn ‘e haadstêd Barcelona wenje in protte Spanjerts en is it Katalaanske gefoel minder sterk as op it plattelân, mar troch it distriktestelsel yn de regio telle plattelânsstimmen wat swierder mei as stedsstimmen.

Klik hjir foar in besprek fan de taal fan de separatistyske partijen.

Hjirûnder leit presidint Artus Mas út wêrom’t neffens him Kataloanië selsstannich wurde moat.

septimber 27, 2015 21:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.