It filmdebút fan de beppe fan Doutzen Kroes

septimber 22, 2015 09:57

Yn 1972 is yn de kontreien fan de Trynwâlden in eroatysk kleure film opnommen. De film Angela – Love comes quietly, mei de no wrâldferneamde Amerikaanske Barbera Hersley. Dy aktrise hat sûnt 1968 yn 54 films spile, ûnder oare yn de bejubele film De Black Swan (2010). As jo de film Angela nei goed 40 jier wer besjogge, sitte der ferrassende histoaryske eleminten yn. Wat hat in film út 1972 no mei ús Doutzen Kroes te krijen?

Barbara Hersley
Doe’t Babara Hersley út Amearika troch regisseur Nilolaï van der Heyde frege waard foar de rol fan Angela, hie se grif net tocht dat it yn Fryslân sa moai wêze koe en… alhielendal net yn de Trynwâlden. Barbara wie doe 24 jier en swier fan har freon, de noch ûnbekende akteur David Carradine (dy’t letter yn de ‘Kung Fu’ tv searje en de ‘Kill Bill films’ spile).

Wa’t in belangrike rol as figurant yn ’e film hiene, wiene de pake en beppe fan it wrâldferneamde en op trije nei bêst betelle fotomodel ea, Doutzen Kroes, dy’t in pear jier tebek noch te sjen wie yn de 3d film ‘Nova Zembla’. Doutzen hat it dus net fan frjemd!

Sêne út de film mei Dout(zen) Leistra-Kloosterman en Barbara Hersley.

Beppe Doutzen
Ljibbe en Dout(zen) Leistra-Kloosterman wiene op en top doarpsminsken en setten harren oeral foar yn. Doe’t se út de toanielwrâld frege waarden om mei te dwaan oan de film Angela diene se spontaan mei. Ljibbe spile in dokter dy’t de swangere haadrolspiler ûndersykje moast en Dout spile in boerinne dy’t Angela it amerhimmeljen mei sân learde. Letterlik seit Dout tsjin Barbara Hersley: “Sjoch, hjir is sân en no mar goed rosse. Goed derynom rosse. Sa, ik hoopje datst it begrepen hast.”

De resinsjes
Doe’t de film yn 1973 yn premjêre gie, stie der in net al te bêste resinsje yn de Ljouwerter Krante. De kop ‘Friezen als bedreigers van de individuele vrijheid’ lei de finger op it seare plak. De natuerbylden mei skitterjende ljochtskeakelingen yn it Fryske lânskip kinne de film dan ek net rêde. It wiene moaie filmbylden, mar se joegen in ferkeard byld fan Friezen yn de 20’er jierren fan de foarige iuw. Yn de film waard gjin Frysk praat en dat makke de spilers der net leauweardiger op. Lokkich wie der ien aktrise/figurant dy’t har dêr neat fan oanloek en gewoan Frysk prate tsjin de Ingelsktalige Angela en dat wie……ús beppe Dout!

septimber 22, 2015 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.