In Frysk wurd foar ‘sandwichbord’?

septimber 27, 2015 15:57

De Ried fan de Fryske Beweging krige fan ‘e wike in mailtsje fan Stifting Iepenloftspul De Harkema. Dy hat buorden by de dyk set om reklame te meitsjen foar it iepenloftspul Dûnsjende Wiis. Skriuwster fan de stifting Sjoukje Couperus-de Wind skriuwt dat de meiwurkers it reklamemedium ‘bôleboerd’ neame, as oersetting fan it Nederlânske ‘sandwichbord’. Hja skriuwt dat de stifting nei alle gedachten in nij Frysk wurd de wrâld yn holpen hat.

Wiebe Lageveen fan de Ried fan de Fryske Beweging seit yn in reaksje: “Dit is aardich besocht, mar it wurd ‘bôleboerd’ is gjin werjefte fan wêr’t it oer giet. In ‘sandwich’ is twa plakken guod mei der wat tusken yn. In ‘bakbroggeboerd’ soe dy assosjaasje bygelyks wol jaan.”

Taalkundige Henk Wolf seit: “Ik kin it op ‘e foto net heel goed sjen, mar neffens my is dit net in ‘sandwichbord’. Dat bestiet út twa buorden, hjir sjoch ik mar ien. Oan ‘e kant fan ‘e dyk is in echt sandwichboerd ek net sa sinfol, want foar de helte fan ‘e ferkearsdielnimmers stiet sa’n boerd oan ‘e linkerkant fan ‘e dyk en is it troch tsjinlizzers net goed te lêzen. Neffens my dekt ‘reklameboerd’ de lading wol sawat. Ast yn it Frysk wat betinke moatst mei deselde assosjaasje as ‘sandwich’, dan kinst tinke oan ‘omslach’, ‘omkaft’, ‘klapper’ of sokssawat. Mar wat is der eins mis mei ‘sandwich’? Friezen ite doch ek sandwiches?”

Is der ien fan ús lêzers dy’t in goede suggestje hat foar:
a. in echt sandwichboerd
b. it reklameboerd oan ‘e kant fan ‘e dyk?

In 'bôleboerd' fan it iepenloftspul op 'e Harkema

In ‘bôleboerd’ fan it iepenloftspul op ‘e Harkema

sandwichbord

In ‘sandwichbord’

septimber 27, 2015 15:57
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. tsjerk septimber 27, 20:54

    Ik yt gjin ‘sandwich’ … Hoe kriget men it yn ‘e plasse, resp. it plaske … Dêr is fan alles mis mei. Ik soe der yn smoare. In stik(je) bôle smakket folle Frysker en dus gâns lekkerder.

    Twa deselde reklamebuorden mei de rêch nei-inoar ta (mei in peal of sokssawat dertusken yn) soe men in ‘twiboerd’ (meartal: twibuorden) neame kinne of in ’twillingboerd’. ‘Dûbelboerd’ mei om my ek.

  2. Germ septimber 28, 15:49

    Bôleboerd is echt om te gûlen. Ik soe gewoan reklameboerd sizze, mar ik fyn twillingboerd ek wol in moaie term.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.