HBO yn Fryslân skoart min, mar stúdzje Frysk docht it goed
Resint ferskynd
De trije hegeskoallen yn Fryslân steane der min op yn de Keuzegids HBO 2016, dy’t tiisdei ferskynt. Stenden, Van Hall Larenstein en foaral de NHL dogge it neffens saakkundigen en studinten min. Yn de Keuzegids, dy’t in protte brûkt wurdt troch learlingen yn it fuortset ûnderwiis dy’t nei it HBO wolle, is sels in apart haadstik wijd oan de situaasje fan de trije hegeskoallen, ûnder de kop ‘Is der wat mis yn Fryslân?’ Foaral by learare-opliedingen skoart de NHL min: Ingelsk, Dútsk, ierdrykskunde, skiednis, biology en skiedkunde, algemiene ekonomy en bedriuwsekonomy krije in minne beoardieling. Neffens haadredakteur Frank Steenkamp is dat opfallend, nei’t der jierrenlang boppe gemiddeld skoard is. De lêste tiid wurdt klage oer matige opliedingen, matige fasiliteiten en in lyts tal kontaktoeren tusken dosinten en studinten. Foaral by learare- en soarchopliedingen binne ferbetteringen nedich. By de technyske stúdzjes dogge Stenden en de NHL it krekt wol goed, sa docht bliken út de gids.
De NHL seit yn in reaksje mei alle fasetten fan de útslach oan ’e slach te gean. De foarnommen fúzje tusken Stenden en de NHL soarget mooglik foar in nije ympuls, sa seit Steenkamp. Stenden hat in tige grut fersoargingsgebiet, mei de haadfêstiging yn Ljouwert, mar ek yn Emmen, Meppel en Grins. Dat is min behapber, stelt Steenkamp. By Van Hall Larenstein soe neffens Steenkamp de minne skoare te krijen ha kinne mei swierrichheden by de fêstiging yn Wageningen. De opliedingen wurde no ferhuze nei Velp en Ljouwert. De hotelskoalle fan Stenden en de yn de ôfrûne jierren foars groeide oplieding multymedia- en entertainment-management helje wol in foldwaande, mar hearre lanlik net ta de top.
Opfallende ljochtpuntsjes binne de stúdzje Frysk oan de NHL en de oplieding ‘popular culture’, dy’t tige posityf beoardiele wurde. De lêste is in oplieding fan de Hanzehegeskoalle. Steenkamp tinkt dat in fúzje tusken de skoallen in krêftige Fryske hegeskoalle opsmite kin.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje