Friezen sette mear as in heal miljoen wurden oer

septimber 26, 2015 11:02
Translate

Ynkoarten stiet Frysk tusken it Frânsk en Galysysk yn.

De teller fan it tal oersette wurden stiet op mear as in heal miljoen. Dat makke Marco Ynema fan Google Translate hjoed bekend op it DRONGO talefestival yn Utert. Sjoen it tal Friezen dat Frysk praat (350.000) is dat in bysûndere prestaasje.

Fan moandei 21 septimber ôf hawwe ferskate organisaasjes en Friezen har ynset foar it oersetten fan Ingelske wurden nei it Frysk. Der binne oersetmaratons organisearre troch ûnder oare de Ryksuniversiteit fan Grins. Mar ek basisskoallen en it fuortset ûnderwiis hawwe meiholpen oan de oersettingen. It doel fan de Fryske Google Translate Wike is om safolle mooglik oersettingen te meitsjen.

Deputearre Sietske Poepjes: ‘Dit is echt in fantastysk oantal. Troch it entûsjasme fan elkenien dy’t meiholpen hat, hawwe we dit moaie oantal helle. It lit sjen dat it tige libbet ûnder de Friezen. Wy hoopje dat dizze tuskenstân al genôch is foar Google om it Frysk opnimme te kinnen. Mar dat is noch ôfwachtsjen. Dêrom is it wichtich dat wy ek nei dizze wike noch oersettingen krije.’

Inisjatyfnimmer Anne Dykstra : ‘In pear jier lyn naam ik kontakt op mei Google mei it útstel om it Frysk op te nimmen yn Google Translate. Op dat stuit hie ik net dreame doard dat it sa’n sukses wurde soe. It is hiel belangryk foar de fitaliteit fan de taal dat it Frysk online ek beskikber is.’

Google Translate

Google Translate is de onlinetsjinst fan Google, dêr’t tekst mei oerset wurde kin fan de iene nei de oare taal. Der binne op dit stuit 90 talen yn dizze oersettsjinst beskikber.

 

 

septimber 26, 2015 11:02
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma septimber 27, 12:21

    Hjir past in grut komplimint foar Anne Dykstra en fansels al dy oaren. It moaste fyn ik, dat safolle skoalbern meidien hawwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.