Feie Fonyk oer de Gouden Koets

septimber 15, 2015 14:20

Ik bin yn ieren en sinen republikein. Utsein op Prinsjesdag. Myn freondinne fynt dat mar neat. Sy hat de oertsjûging dat it yn keninkriken folle better giet as yn in republyk, in presidint kost lykas in kening ek in soad jild en sjoch no ris hoe goed it giet yn lannen as Noorwegen, Denemarken, Sweden en ús eigen lân. It liket my in argumintaasje fan neat. “Saûdy-Arabië is ek in keninkryk, soest der dan wenje wolle”, sei ik tsjin har. Dan koest dyn autokaaien fan ús âlde Volvo fuort-en-daliks by my ynleverje. It wol der by my net yn dat jo rjocht hawwe om eat te wêzen allinne fanwege ôfstamming. Sa sit dat.

Mar as ik dan dat feestlik barren sjoch op de tredde tiisdei yn septimber, mei dy prachtige Gouden Koets, dy’t troch it âlde sintrum fan De Haach rydt, mei de hynders dêr’t sels de skonken fan oppoetst binne, mei al dy fleurige minsken, mei de muzyk, mei Maxima – hjoed wer yn in skitterjende jurk, neffens my wat oan de lange kant, want se stroffele der hast oer doe’t se de Ridderzaal yn gie, mei de soldaten dy’t opsteld binne, mei al dy frjemde huodsjes fan de froulju fan de Twadde Keamer, mei ús eigen Lutz Jacobi dy’t meirinne mei yn de optocht fan kening en keninginne, dan tink ik wat is it goed om yn sa’n lân te wenjen. De taspraak fan de kening wie moai yn lykwicht.

Dy Gouden Koets skynt foar guon in probleem te wêzen. Op ien fan de sydkanten binne swarten, of ‘gekleurde medemensen’ ôfbylde dy’t op de grûn lizze om wat oan te bieden oan harren blanke machthawwers. Net sa moai fansels, mar ja, sa wie it no ienris. Ik soe it mar moai sa litte. Yn de Sovjet-Uny hiene se de moade om de skiednis hjir en dêr wat oan te passen. Minsken dy’t yn ûngenede fallen wiene, stiene dan sa mar net mear op foto’s. It liket my ta dat wy grutst wêze kinne op ús ferline en wat mis wie, kin beneamd wurde, mar moat gjin reden wêze om it dan mar oan te passen. Dat dogge wy ek net mei wat yn ús musea te sjen is.

septimber 15, 2015 14:20
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Sybren septimber 15, 15:47

    Bin ek in suvere Republikein, dus die Gouden Koets mei fan mij ek wol thus bliuwe. Spitigernoch is it symboal fan sintralisaasje en konsentraasje fan macht run in klykje dat him ferskulet efter it ‘mysterie fan it Keningshus’.

  2. Aage M septimber 17, 17:34

    It keningshus is it symboal fan’e alde en repressieve aristokrasy, en wiene ek troch har ynstitutionalisearre. Hogendoarp en kornuiten.

  3. Rob septimber 19, 10:58

    Fuort mei alle ôfbieldings fan horigen! Fuort mei alle hystoryske ôfbieldings dy’t mei it kristendom te krijen hawwe! Fuort mei alles dat mei de Germanen te krijen hat (2eWK)! Mar as diskriminaaszje ek yn hystorysk perspektyf net mei dan ek graach fuort mei Keti Koti!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.