Dûkers fine Dútske ûnderseeër en nije bistesoarten yn Noardsee

septimber 18, 2015 11:16

Dûkers fan stifting Duik de Noordzee Schoon hawwe yn de Noardsee in folsleine Dútske U-boat fûn. Ek binne in stikmannich, foar Nederlân nije bistesoarten fûn. De dûkers fan de stifting hawwe fyftjin dûken dien op tolve ferskate lokaasjes by in ekspedysje fan njoggen dagen. It tiim gong ûnder oare op ûndersyk út by bekende en ûnbekende wrakken op see. De U-boat waard by tafal fûn.

“Fan tefoaren wie net bekend dat der in U-boat op dat plak lizze soe”, lit Corrie Romijn witte, ien fan de frijwilligers fan de stifting. De ûnderseeër lei rjochtop, krekt oer de grins yn Ingelske wetters. De ynhâld fan de U-boat is noch net ûndersocht. Wol hawwe de dûkers it ûntsnappingslûk burgen om sa de ûnderseeër identifisearje te kinnen. It ûnderdiel wurdt oan in Dútsk museum donearre.

In seeneakenslak wie ien fan de foar Nederlân nije bistesoarten. Dy hat de namme Favorinus Blianus krige. It bist rôvet de aaien fan oare neakenslakken. Oare nije fynsten binne ûnder oare in seestjer mei tinne, lange earms en grutte stikels en in seestikelbaarch. By de dûkekspedysje hawwe de dûkers ûnderwetterôffal lykas lead en twatûzen kilo oan ferlerne fiskersnetten opromme. Dat ôffal is in grutte bedriging foar it ûnderwetterlibben.

septimber 18, 2015 11:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.