Dijsselbloem skriuwt foaropwurd yn Kadoboek Swalk
Resint ferskynd
Yn 1984 skreau Marten Toonder ‘De Vergelder’. Wa hie oait tinke kinnen dat it boek nei goed tritich jier opnij ferskine soe, mar dan yn it Frysk en dat it boppedat noch neat oan aktualiteit ferlern hawwe soe? Sterker noch: der sitte hiel aktuele eleminten yn. De Frysktalige ferzje ‘De Ferjilder’ – oerset troch Harke Bremer en Jarich Hoekstra – hat in foaropwurd dat skreaun is troch de minister fan finânsjes Jeroen Dijsselbloem. Hy ferwiist nei ferskate útspraken yn it boek en makket in ferbining nei hjoed-de-dei.
Op 11 septimber wurdt it earste eksimplaar fan dizze nije útjefte oanbean oan professor Arnold Heertje – âld-heechlearaar yn de Bommeliaanske ekonomy – by it Frysk Boekefeest yn Ljouwert. Fan dat stuit ôf is it boek yn de boekhannel fergees by oankeap fan in Frysk boek, of los te keap foar € 9,95.
It Kadoboek ‘De Ferjilder’ is in ûnderdiel fan Swalk, Frysk op toernee. Swalk bringt in totaalprogramma oer jild mei muzyk, teater en mei spesjale gastoptredens. Swalk komt rûnom yn Fryslân: Earnewâld, Ferwert, It Hearrenfean, Starum, Oentsjerk, Bears, Ljouwert, Wier en Snits. It tema fan Swalk is, hoe kin it ek oars: ‘Jild’.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje