Boekeloo (5)
Resint ferskynd
Dit is myn fiifde Boekeloo. Ik besprek twa boeken, dêr’t it earste fan it wichtichste is.
De Friese Pers jout it boek Pier, de profesij fan bline Simen út, skreaun troch Willem Schoorstra. It giet oer Grutte Pier, dy’t yn ’e tiid dat Karel keizer fan de Nederlannen waard, ferset bea tsjin de frjemde oerhearsking: Friezen wolle frij wêze. As Pier yn 1515 troch Saksyske rôvers alles ôfnommen wurdt, syn buorkerij, syn lân, syn wurk en syn jild, wurdt er dwyl fan wraaksucht om wat him en in protte oaren oandien wurdt. Hy is net te kearen en slacht mannich fijân dea. Dêrmei fertsjinnet er rom en oansjen, mar ek eangst en wearze. It is ferkeard, mar hoefolle ûnskuldige minsken wiene der ek net fermoarde as Grutte Pier der net west hie mei syn swurd en syn rymkes? Nettsjinsteande himsels kin Pier frede fine yn in tsjerke, al is dat mar foar mominten.
Schoorstra makket yn dizze roman stadichoan dúdlik dat ien dy’t bloed preaun hat, in grins oergiet dy’t minder as in bist fan him makket: Pier ferwurdt ta in kille moardner en ferkrêfter; wreedheid wurdt in doel op himsels. God ferbiedt net foar neat in minske te deadzjen: it seisde gebod. Dochs bliuwt Pier ien dy’t men net ferlitte wol, sa’t de ferteller fan it boek, in meistrider fan Pier, ús witte lit.
As er nei trije jier ta besinning komt, om’t er yn in ferlerne saak behelle wurdt dy’t neat mei Fryslân te krijen hat, kriget de dwylsin Pier by de kladden en kin er neat mear as op bêd lizze. Hy feroardielet himsels om’t er net de Fryske frijheid tsjinne hat, mar de machtshawwers dy’t him brûkt hawwe yn de striid tsjin inoar.
Krekt foar’t er stjert, jout de lekebroer Petrus Thaborita oan Pier de lêste sakraminten, wat tsjin de katolike regels yngiet en dêrmei folget er – alwer – syn hert. Petrus, dy’t it ferhaal fan Pier as omstanner opskreaun hat, hat nettsjinsteande al syn twivels altyd foar Pier bidden en him stipe, ek yn syn fjochtsje wollen. Petrus wit fan de profesij fan bline Simen, dat unûntkomber op Pier syn libben en dea slacht, en dus in profesij fan God wêze moat. De muonts fertsjinwurdiget yn dit boek de suvere, troch God ynjûne neisteleafde foar in sûnder lykas Pier, dy’t sels troch syn eigen mem folslein ôfwiisd wurdt. En krekt dy gebeden en dy neisteleafde rêde de siel fan Grutte Pier, dy’t dochs yn frede op bêd stjert, al hat er him – troch Petrus! – yn runetekens yn it boarst skrasse litten dat er nea de striedea stjerre sil. Wat mar wer ris bewiist dat de âlde net-kristlike gebrûken it ôflizze moatte tsjin de kristlike ferjouwing. Yn Pier syn stjerren blykt dat ek God ien is dy’t Pier net ferlitte wol.
Schoorstra hat mei Pier in grut wurk dien. It boek lêst no en dan as in spannend skiednis- en jongesboek en skilderet de tiid en de minsken hiel libbensecht. It boek is skreaun yn in hiel moaie mar net maklike taal, dy’t ticht by de tiid fan Pier stiet. Brûk in wurdboek. Nim tiid. Doch flyt. Genietsje derfan. Schoorstra jout ek sfearbekriuwingen dy’t jin de oarloch no en dan efkes ferjitte litte, lykas wannear’t Pier op in moaie augustusdei noch in kear nei Kimswert rydt – en wit dat er noait wer de boer en heit wurde kin dy’t er wie.
As Schoorstra sa sjen litte kin dat frede en frijheid binnen yn dy hurde Friezen sit en krekt dêr realisearre wurde moat, dan moat syn boek lêzen wurde. En oerset.
It twadde boek dat ik besprek is David Copperfield fan Charles Dickens, útjûn troch Elikser en oerset troch Geart van der Mear.
Yn it ferhaal fan David Copperfield ferbyldet Dickens syn eigen jeugd en opgroeien ta man en skriuwer. As bern lêst David de boeken dy’t syn heit him neilitten hat en fynt dêr de freugde yn dy’t him syn aaklike styfheit Murdstone en syn frustrearre, strange suster hieltyd wer ferjitte lit. In pleidoai foar it lêzen fan (in soad) boeken en net te strang wêze foar kwetsbere bern. David leart geandewei it libben en himsels kennen; machtsmisbrûk, bedroch en mislearjende leafde, mar ek goedens en trou komme op syn paad. Sa’t it wenst wie yn de njoggentjinde iuw: it rint goed ôf. De aventueren fan David Copperfield binne it lêzen noch hieltyd wurdich. It is mei rjocht in klassiker. Van der Mear hat it boek oerset yn in modern Frysk. Dat moast efkes wenne nei it yn myn eagen moaiere Frysk fan Schoorstra.
Klaske Hiemstra
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje