Badeintsjes ûntnimme froulju de sin oan seks

septimber 28, 2015 09:40

Badeintsjes en dûsgerdinen ûntnimme froulju de sin oan seks. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Amerikaanske wittenskipster Emily Barrett, fan de universiteit fan Rochester.

Yn plestik sitte saneamde weakmakkers. Dy kinne fia lucht en wetter maklik de keunststoffen ferlitte. Sa kringe se ta it lichem yn, dêr’t se harren hâlde en drage as hormoanen. Se beynfloedzje it dwaan en litten fan minsken. In ôfname fan sin oan seks is ien fan de effekten. By manlju wie soks al earder sjen litten, frou Barrett hat no ûntdutsen dat it by froulju ek it gefal is. Froulju mei it heechste oanpart weakmakkers yn it bloed hiene de minste sin oan seks.

Net allinne badeintsjes binne in gefaar foar de sexdrive, plestik reinjassen, keunststof fibrators en bôlebakjes binne dat ek. Frou Barrett warskôget derfoar om de resultaten licht op te nimmen. Hja seit: “In leech libido kin syn tol easkje fan relaasjes en fan it wolwêzen.” Hja seit dat hast elkenien hjoed de dei wol weakmakkers yn it liif hat.

septimber 28, 2015 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.