Omrop Fryslân folslein selsstannich

augustus 28, 2015 13:30

Omrop Fryslân is opheden de wichtichste faktor foar it fuortbestean fan de Fryske taal. Foarsitter Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging fynt dat it op ’t stuit de earste prioriteit foar de Fryske beweging is om Omrop Fryslân mei in eigen direksje en eigen begrutting foar Fryslân te behâlden. Geart Benedictus hat gelyk! Dat fynt ek sosjolooch, humanist en immigrant Rob Tielman, dy’t tsien jier lyn yn Fryslân kaam te wenjen. Tielman hat foar in grut part it Frysk (oan)leard troch it sjen en harkjen nei Omrop Fryslân. Omrop Fyslân is nedich foar Fryske taalbefoardering!

Krektlyk as it personiel fan Omrop Fryslân en de Ried fan de Fryske Beweging, stiet de Stifting dy’t iveret foar in Brede Maatskiplike Diskusje (BMD), folslein efter de striid foar it behâld fan Omrop Fryslân. Fryslân is in bysûndere provinsje. Fryslân hat de troch Europa erkende twadde Rykstaal fan Nederlân.  Omrop Fryslân lit alle dagen dy Fryske taal klinke yn de hûskeamers, at der ferslach dien wurdt fan âlderhanne dwaan en litten yn Fryslân en de wrâld. Alinne al om dizze arguminten (der binne folle mear op te neamen fansels) is needsaaklik dat de Omrop troch de Fryske oerheid subsidiëarre wurdt. It Ryk (de lannelike oerheid) sil, sûnder al te folle betingsten, de Fryske oerheid mei in foars poarsje ekstra struktureel jild, dêrta de mooglikheid jaan moatte. Dit yn it besef dat de Omrop mear is as in regionale stjoerder: de Omrop is in ûnmisbere kultuerdrager.

Dy Omrop krijt yn ús fyzje in ûnôfhinklik bestjoer, sûnder djoere bestjoerders of kommissarissen fan bûten de Provinsje. Te tinken falt oan in ledestruktuer en/of in ôffurdiging fan ‘stakeholders’ lykas de Ried foar de Fryske beweging. De sjoernalistike ûnôfhinklikens wurdt by dit alles fansels garandearre. Wat sille de Steaten dwaan? Sy hawwe it úteinlike foech- at se it pakke wolle, tenminsten. Bring tegearre mei it kolleezje fan deputearren – jin hawwe as listlûkers hiel wat tasein op dit mêd – steatssiktaris Dekker op oare gedachten. Want sawol ús Fryske Taal en ús Omrop Fryslân steane/kinne net sûnder elkoar fierder.

Frâns Kuipers,

Foarsitter Stifting Brede Maatskiplike Diskusje oer it Frysk

 

augustus 28, 2015 13:30
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Pieter Bergsma septimber 2, 23:56

    As ik nei Omrop Fryslân harkje, falt my benammen op hoe ‘t it der mei it Frysk foar stiet: net sa bêst! De measte Friezen prate spitigernôch Frysk op dialekt-nivo, ja sels meiwurkers fan de Omrop meitsje aardich wat taalflaters. Meiwurker Koos Wieling hat net om ‘e nocht oan ‘e belle lutsen, hy wol de meiwurkers sels wer nei de skoalbanken stjoere. Net de Omrop mar it ûnderwiis moat der neffens my foar soargje dat oer tritich jier noch Frysk praten wurdt yn Fryslân. Meitsje alle basisskoallen yn Fryslân trijetalich, wa wit, komt it dan noch goed. De Omrop kin in wichtige rol spylje mar dan sille de meiwurkers hurd oan harren eigen Frysk wurkje moatte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.