Marcus Aurelius giet mei oare minsken om

augustus 21, 2015 09:30

It ferfolch fan Omgean mei Marcus Aurelius

Moarns betiid silst fan it bêd ôfkomme en sis tsjin dysels: hjoed sil ik guon moetsje dy’t bemuoisuchtich binne of agressyf of ûntankber of oergeunstich of ûnbetrouber of lomp. Sa binne se wurden mei’t it har net jûn is en wit wat goed en wat kwea is, mar ek omdat se it net witte wolle. My is dy langst al jûn en ik doch alle war dat te wollen en te learen, foar safier as ik it noch net wit.

Ik wit ek dat de kweadoggers, de ynklauwers, en alderhande begearich folk oan my besibbe is, omdat wy allegearre in bytsje fan it Godlike yn ús ha. Kinne se my skea dwaan? Kinne se myn kennis fan goed en kwea fan my ôfnimme? Nee, se kinne my net yn dy sin kwea dwaan. Dêrom doch ik alle war en wurd net lilk op har.

Wy binne ommers berne om it as minsken mei-inoar te roaien, om gear te wurkjen as tosken en mage? It is tsjin ús Godlik aard om inoar tsjin te wurkjen, al is it minsklik. It is tsjin ús Godlik aard om argewaasje fan inoar te hawwen. It is tsjin ús Godlik aard en kear jin ôf fan oaren: hâld dus kontakt mei harren, al wie it mar om har wat Goeds sjen te litten of hearre te litten, al kostet it soms muoite om mei har om te gean.

(Eric Hoekstra, frij nei Marcus Aurelius, “Ta himsels”, haadstik 2)

augustus 21, 2015 09:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren augustus 22, 11:52

    Moai, myn grutste klassyke held yn it Frysk!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.