Iraanske Swarte Pyt kriget beskerming fan FN

augustus 29, 2015 21:47

De Nederlânske Swarte Pyt is troch de Feriene Naasjes yn ’e ban dien. De kommisje ta bestriding fan rassediskriminaasje hat de Nederlânske oerheid frege om wat te dwaan oan it uterlik fan Sinteklaas syn feint. Dy soe in stereotype foarstelling fan in neger wêze.

Neffens premier Mark Rutte is it lykwols net de taak fan de oerheid om him te bemuoien mei it karakter fan it folksfeest lykas Sinteklaas. Rutte neamde it “niet zo belangrijk hoe het ventje eruitziet”. Vice-premier Lodewijk besaude him oer de boarne fan ’e krityk op Swarte Pyt, dy’t gauris komt fan minsken út lannen mei slimme minskerjochteproblemen en fan minsken dy’t roppe dat Nederlân dochs ek genôch hat oan ’e krystman. Mar hy seit ek dat er begryp hat foar de tsjinstanners en dat er wol bydrage wol oan in petear tusken foar- en tsjinstanners. Hy wol ek net dat de steat Swarte Pyt ferbiedt.

De Telegraaf skriuwt dat de Feriene Naasjes in Iraanske fariant fan Swarte Pyt krekt op ’e list fan kultureel erfskip set hat, as in tradysje dy’t beskerming fertsjinnet. It giet om Hadzjy Firoes, in swartsminkte figuer mei readferve lippen, dy’t yn maart mei it Perzyske nijjiersfeest by minsken thús komt om muzyk te meitsjen. Yn Iran is ek krityk op it mooglik rasistyske karakter fan Hadzjy Firoes en dêr is it standertantwurd dat er swart is fan ’e reek fan it fjoer dat er brûkt om âlde rommel te ferbaarnen. Nei alle gedachten is Hadzjy Firoes lykas Swarte Pyt in figuer dêr’t in protte tradisjonele figueren yn gearkomme: in negerslaaf, in demon en in man mei roet op it gesicht.

Op it webstee fan ’e FN stiet oer Hadzjy Firoes: “Perzysk Nijjier lit sjen hoe wichtich oft frede en mienskipsgefoel yn ‘e húshâlding en tusken generaasjes binne. It draacht troch fersoening en neisteleafde by oan it kulturele ferskaat en oan de freonskip tusken minsken en ferskate mienskippen.”

Klik hjir om it advys fan ‘e FN-kommisje te lêzen: link.

augustus 29, 2015 21:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.