Gletsjers smelte hieltyd hurder

augustus 4, 2015 14:20

Ut in nije stúdzje fan Switserske wittenskippers docht bliken, dat wrâldwiid de gletsjers gemiddeld 0,5 tot 1 meter iis jierliks ferlieze. Yn 120 jier fan mjitten lei de gong fan ranen noch net earder sa heech. Dat berjochtsje ûndersikers fan de Universiteit fan Zürich yn ‘t wittenskiplik tydskrift Journal of Glaciology.

Satelliten
De wittenskippers basearje harren gegevens op observaasjes mei satelliten en mjittings op ‘t plak yn 19 regio’s mei gletsjers, wêrûnder de Noard- en Súdpoal, Kanada, Nij Seelân, Súd-Amearika en Europa. Neffens haadûndersiker Michael Zemp ferlieze de gletsjers op dit stuit gemiddeld twa oant trije kear safolle iis as yn de tweintichste ieu. “Wy hawwe mar fan in pear hûndert gletsjers eksakte sifers fan iisferlies. Mar wy kinne de resultaten fan ús stúdzje goed ûnderbouwe mei fjildobservaasjes en satellytmjittings fan gletsjers oer de hiele wrâld”, seit hy op de nijsside fan de Universiteit fan Zürich.

Omkear
Zemp ferwachtet dat it ranen fan de gletsjers foarearst net ophâlde sil. Sels as de opwaarming fan de ierde stiket, sil der gjin omkear barre, sa blykt út syn berekkenings. “Dizze gletsjers sille hieltyd mear iis ferlieze, sels as ‘t klimaat stabyl bliuwt”, sa sei hy.

augustus 4, 2015 14:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.