Fryslân DOK – Eelke Lok

augustus 30, 2015 09:00

Nei 40 jier by Omrop Fryslân hat redakteur Eelke Lok de âldens berikt dat er mei pensjoen sil. Dêrmei komt in ein oan it tiidrek-Eelke op de Fryske radio en telefyzje. Dizze Fryslân DOK stiet folslein yn it teken fan it ôfskied fan de sjoernalist Eelke Lok: in eigensinnige man dy’t nea om in miening ferlegen is.

Mei in tal gasten sjocht Eelke op it terras fan Hotel Galamadammen yn Koudum werom op syn karriêre by de omrop. Wat is der feroare yn de sjoernalistyk? Hoe gie de oerstap fan radio nei telefyzje? Hokker saken gongen mis? Dizze earste Fryslân DOK fan it nije seizoen is in spesjale útstjoering dêr’t Eelke sels de ynhâld fan bepaalde. Besjoch it eigen ôfskiedsferhaal fan de markante man dy’t jierrenlang stim en gesicht fan Omrop Fryslân wie: Eelke Lok.

Fryslân DOK: Eelke Lok
Snein 6 septimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 5 septimber om 15.40 oere en snein 6 septimber om 12.25 oere op NPO 2.

augustus 30, 2015 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.