Famke mei net Frysk prate, heit siket politike stipe

augustus 31, 2015 23:37

In man is sa skrokken dat syn dochter op ’e Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) gjin Frysk prate mei dat er deputearre Sietske Poepjes deroer ynformearre hat. Hja hat by de provinsje Fryske taal en kultuer yn ’e portefúlje. Cor Hergaarden stjoerde har fia Twitter in berjocht dat begjint mei ‘Grutte skrik!’ Der stiet yn dat de dochter fan Hergaarden HBOV (ferpleechkunde) studearret en yn de les gjin Frysk brûke mei.

De hegeskoalle stiet net bekend as anty-Frysk, want der wurdt ûndersyk dien nei meartalichheid en Frysk en jo kinne der ek de Fryske taal studearje.

Klik hjir foar it Twitter-akkount fan Cor Hergaarden.

 

augustus 31, 2015 23:37
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Arjan septimber 1, 00:40

    FRAGMINT: “Der stiet yn dat de dochter fan Hergaarden HBOV (ferpleechkunde) studearret en yn de les gjin Frysk brûke mei”

    REAKSJE: het is op dat niveau normaal dat niet alle leraren de eigen taal van de leerlingen spreken.

    De juiste reactie van een leraar zou zijn “Sorry, im versta nog geen Fries, kan je het in het Nederlands of Engels zeggen?”

    Dat is wat mij betreft OK. Want als je op dat niveau alleen leraren aanneemt die Fries verstaan, kom je zonder leraren te zitten.

    Maar een verbod? Dat is onacceptabel.

  2. Erwin2.0 septimber 1, 08:37

    Dat de studinten it Frysk ûnder elkoar brûke, meist noait ferbiede. Ferskriklik dat dit de realiteit is.

  3. S.H. Brinkman septimber 1, 08:50

    It gie der neffers my net om, as de betreffende lerares it ferstie.

    It giet de lerares erom, dat er yn de klasse gjin Frysk sprútsen wurd.

    It is foar my hiel herkenber, ik die begjin 90 er jirren in oplieding Praktyk diploma boekhâlden yn Ljouwert, en wurde troch Jan Teernstra ( Fryske âlden, hollanstalich opfoed, syn eigen wurden) sa ûnder druk set, dat as er my noch ien kear betraapje soe Frysk te praaten tjin oare studenten, dat ik myn diploma net helje soe.

    Ik ha dernei sa’n ôfkear krigen fan dat skytebulte folk, wat sich fier ferheven fielt, smarge nêstferbruiers.

  4. ytsje hettinga septimber 16, 18:47

    Wat in gelok dat dat fanke (ek) Frysk praat. Yn har wurk sille foaral âldere minsken hiel bliid wêze dat sy harren yn it Frsyk oansprekt.

  5. Jan A. Schulp febrewaris 25, 14:26

    Nuvere dosint. Neffens my is it krekt for HBO-V in plus as de studinten wol Frysk praten kinne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.