Undersyk nei diabetes faak net objektyf

july 8, 2015 11:29 Fernijd

De ûnôfhinklikens is fier te sykjen by ûndersyk nei sûkersykte. It grutste part fan ‘e publikaasjes wurdt skreaun troch ûndersikers en auteurs dy’t bannen hawwe mei farmaseutyske bedriuwen. Dat konkludearret it Akademisch Medisch Centrum (AMC) fan Amsterdam.

De ûndersikers hawwe hast 3800 artikels bestudearre, skreaun yn in perioade fan tweintich jier. It die bliken dat mar 6 prosint fan ‘e berjochten folslein ûnôfhinklik wie. “Boppedat is it ûndersyk te bot ôfhinklik fan in pear ûndersikers dêr’t sprake is fan serieuze belangeferfrisseling” seit ynternist Frits Holleman fan it AMC.

Mar 110 auteurs, minder as 1 prosint fan it totaal, is ferantwurdlik foar in tredde part fan it totaal tal artikels. Fan dy groep is 44 prosint yn tsjinst by de farmaseutyske yndustry. 56 prosint wurket op in universiteit en wurket gear mei it bedriuwslibben.

july 8, 2015 11:29 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.