Russyske miljardêr finansieret ûndersyk nei bûtenierdsk libben

july 21, 2015 09:08

De Russyske miljardêr Joeri Milner stelt 100 miljoen dollar (goed 92 miljoen euro) beskikber foar ûndersyk nei bûtenierdsk libben. Hy makke dit moandei tegearre mei de ferneamde Britske natuerkundige Stephen Hawking yn Londen bekend. It projekt hjit ‘Breakthrough Listen’ ( ‘Trochbraak Harkje’) en is neffens de inisjatyfnimmers it grutste wittenskiplike projekt ea foar it ûntdekken fan yntelligint libben bûten de ierde.

It projekt wurdt skielk útfierd troch in tiim ûndersikers op de universiteit fan Berkeley by it Kalifornyske San Francisco. It tiim kin tsien jier oan ’e slach en kriget de beskikking oer ûnder oare twa ‘topteleskopen’, de Greenbankteleskoop dy’t yn de Amerikaanske steat West-Virginia stiet en de Parkesteleskoop yn it súdeasten fan Australie.

july 21, 2015 09:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.