Pluto is warber

july 14, 2015 22:41

PlutoFan ‘e middei skimke de Nasa-sonde New Horizons op in hichte fan mar 12.500 km oer Pluto. It romtereau is op dit stuit sa besteld mei it waarnimmen fan alles wat der mei syn ynstruminten mar fan de dwerchplaneet waar te nimmen falt, dat it net by steat is en stjoer de ynformaasje nei de ierde. Dêr set er pas moarn mei út ein. Op de lêste hierskerpe foto dy’t juster ynkaam – de distânsje wie doe noch 768.000 kilometer –  is lykwols al in protte te sjen; sjoch hjirnjonken. It meast singelier is in grutte ljochte struktuer mei in trochsneed fan likernôch 1600 kilometer, dy’t al ‘it hert’ neamd wurdt. It lofterpart fan de strukteur is igaal, sûnder kraters. Dat tsjut op nijfoarme stiente en dat wiist der wer op dat Pluto geologysk warber is.

De ôfrûne dagen is fierders al moai wat nijsgjirrichs oer Pluto ûntdutsen:

  • De diameter is 2370 kilometer; grutter as earder tocht en dêrmei liket de dwerchplaneet it grutste objekt fan de Kupergurdle (in knoarre romtepún yn de útbuorren fan ús sinnestelsel). It dizenige ûnderskied tusken dy objekten wie yn 2006, koart nei it lansearjen fan de New Horizons, reden om de status fan Pluto oan te passen fan planeet nei dwerchplaneet.
  • Op de Noardpoal leit in iiskape mei metaan- en stikstofiis.
  • Der ûntkomt stikstof oan de atmosfear.
  • Pluto hat gjin ring en net mear as fiif moannen.
july 14, 2015 22:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.