Noch trije dagen oant Pluto

july 11, 2015 15:08

It duorret noch trije dagen, dan passearret NASA-sonde New Horizons dwerchplaneet Pluto. It romtefartúch hat der njoggen jier oer dien om it minyplaneetsje, fjouwer miljard kilometer fier fuort, te berikken.

Sels besjoen troch de sterkste teleskopen is Pluto net mear as in swak stipke tusken de stjerren. Mar de lêste wiken feroare dat yn rap tempo. Hieltyd mear details wurde sichtber op de bylden fan New Horizons. Sels in gebiet dat op in hertsje liket en in oar part is al ‘de walfisk’ doopt.

Net ien romtefartúch hat de bûtenste planeten fan ús sinnestelsel besocht sûnt 1989. Doe skeat Voyager 2 by Neptunus lâns. Sûnt dy tiid is der oan de râne fan it sinnestelsel mar in bytsje feroare, mar op ierde nammerste mear.

Yn de jierren 80 kamen de foto’s fan Voyager yn by NASA’s Jet Propulsion Laboratory yn Kalifornië. Romtefeartsaakkundige Govert Schilling wie derby. “We krigen de bylden yn ‘e nacht te sjen. Jo seagen it barren. Streekje foar streekje kamen de earste foto’s yn. De sjoernalisten krigen se in pear oeren letter yn hannen en nei oardeheale dei wienen se te sjen yn ‘e krante, sa gie dat doe. No komme de bylden hast fuortendaliks online. It hat amperoan noch betsjutting om dêr hinne te gean.”

Neilbite

Mar der binne ek grutte oerienkomsten mei de Voyager-misje. Pluto is withoefier fuort. In koerskorreksje docht der 4,5 oere oer om de sonde te berikken. Efkes bystjoere op it lêste stuit is der dus net by. “Der is fansels socht om ûnbekende moannen en ringen. It risiko dat hy earne tsjinoan fljocht, is almeugend lyts. Mar je witte it mar noait.”

Ferline wike wie it alfêst efkes neilbiten foar it New Horizons-tiim fan NASA. De sonde skeakele op 4 july ynienen werom nei syn feilichheidsmoadus. It duorre twa dagen om de steuring te ferhelpen en de ferkenner opnij op te starten.

Spannend is neffens Schilling ek wat we sjen sille op 14 july. “Pluto bestiet út stien en iis. Faaks binne der ûndergrûnske oseanen, miskien binne der geisers. Echte plaatsjes fan tichteby kin New Horizons pas meitsje yn it etmiel neidat er Pluto passearret.”

Dy plaatsjes fan tichteby wurde tiisdeitemiddei ferwachte. Mar in soad foto’s sille it net wêze. “It sinjaal fan New Horizons is frij swak om’t hy safier fuort stiet. Yn de moannen nei de passaazje sille der hieltyd wer nije gegevens oer Pluto en syn moannen binnenrinne.”

july 11, 2015 15:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.