Memmetaalpraters komme betrouberder oer

july 27, 2015 22:49

Minsken wurde serieuzer nommen as hja harren memmetaal prate. It betrouwen dat wy hawwe yn twaddetaalpraters is dêrom lytser as it betrouwen yn minsken dy’t dyselde taal fan hûs út kenne. Dat docht bliken út ûndersyk fan Shiri Lev-Ari fan it Max Plack Instituut yn Nimwegen.

De oarsaak is neffens de ûndersykster it aksint fan de sprekker. Dat makket it dreger om te folgjen wat dy seit. De ekstra ynspanning fan it harkjen soarget foar in negativere beoardieling fan ‘e betrouberens as by in memmetaalprater.

Neffens frou Lev-Ari ferwachtsje wy fan twaddetaalpraters ek net dat hja harren tinzen yn detail ûnder wurden bringe kinne. Dêrtroch besykje wy oan ‘e hân fan oare eigenskippen fan de sprekker te rieden wat dy no krekt bedoelt. It gefolch is dat wy net goed nei de ôfsûnderlike wurden harkje, sadat parten fan it boadskip ús ûntkomme. Minsken fine it dreger om nei te fertellen wat se fan in twaddetaalprater heard hawwe as wat in memmetaalprater harren ferteld hat.

july 27, 2015 22:49
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Lesjouwer july 29, 12:48

    Better leare te artikulearjen, lost al hiel wat op. Dat jildt likegoed foar it ‘Randstads’ (wanlûdich Hollânsk, dat de pretinsje hat om de earste Rykstaal en ABN te wêzen), dat de ‘dialekt’-status fertsjinnet …

  2. Arjan van der Werff july 29, 14:02

    hoi lesjouwer, ik wenje noard fan de rânnestêd en ken de taal situaasje goed.

    In de Noordvleugel ( Haarlem, Amsterdam, Hilversum) spreekt men Kennemers, Amsterdams en “Echt Goois”. Dat “‘Echt Goois” is aan het verdwijnen. Dat lijkt veel op Amsterdams en Kennemers.

    Alleen Het Gooi en Utrecht Stad hebben een afwijkend dialect – in Het Gooi word door veel mensen bekakt gepraat. Dat heet “‘Goois” maar dat is het van oorsprong niet. Het Gooi is van oorsprong Friestalig. Net als Amsterdam en Waterland.

    Den Haag, Leiden en Rotterdam ( De Zuidvleugel) hebben een ander dialect. Dat gebied is van oorsprong in Scheveningen Friestalig ( “Strandfries”” ) maar buiten Scheveningen hoor je alleen maar Hollands, en stadsdialecten zoals het Haags en het Rotterdams, en ook AN – plus straattaal maar dan zonder Amsterdamse invloeden.

    In Amsterdam is “Straattaal”” sterk in opkomst. Dit domineert momenteel de Nederlandstalige hip hop muziek. Straattaal is in Amsterdam anders dan in Rotterdam.

    Het is overigens een taalvariant zonder enige toekomst, zo snel als mensen zich naar de middenklasse opgewerkt hebben, stoppen ze met op deze manier praten.

    De elite spreekt overal AN ( ( wat vroeger ABN genoemd werd. )

    “”Randstads” bestaat dus wel, in de zin dat je het meteen kan horen als iemand uit de Randstad komt of uit de buurt, maar er zijn net zo veel variaties als in het West Lauwers Friese taalgebied.

    En vertrouwen doen mensen elkaar hier alleen als ze elkaar al een tijdje kennen, wat dat betreft bied niet iedere taal en ieder dialect extra vertrouwen.

    Dat elkaar niet vertrouwen schijnt normaal te zijn in een multi culturele omgeving, dat is namelijk een omgeving waar niemand zich echt thuis voelt.

    Dus van die multi cuturele samenleving moeten we snel af, alleen de elite heeft daar voordeel bij.

    Sinds die er is, is het niveau in de Randstad behoorlijk gedaald. Het is daar een zooitje. Eén groot Leeuwarden, eigenlijk.

    In zijn algemeen heb ik niets aan te merken op het onderzoek.

  3. Aage M july 30, 08:09

    Arjen,

    Ek hjir wer frjemde utspraken; fan de multi kultuerele mienskip moaten we af, yn in multikultuerele mienskip fielen minsken har net thus.

    Ik haw in multikultuereel gesin en ik wen yn in multikultuerele sted en wy finen dat gjin beswier mar in ferryking.

    En kinsto wol relaasje tusken “stran Frysk” en Skeveninsk meitsjen as nimmen it alde Frysk ut dy regio leze kin? Do redest te folle en ut dyn nek!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.