Maatregels om stikstof te beheinen

july 1, 2015 09:52

De útstjit fan stikstof wurdt fan woansdei ôf hurder oanpakt. Dêrfoar wurdt de Programmatyske Oanpak Stikstof (PAS) fan krêft. Dy jildt foar alle bedriuwen, mar foaral feehâlders sille maatregels nimme moatte. Al jierren is der yn beskerme Natura 2000-gebieten in oerskot oan stikstof (ammoniak en stikstofoksiden) yn de loft. Dat is skealik foar in protte natuer. Dêrby kaam, dat mei it opheffen fan it Europeeske molkkwotum de doar wer iepenstie foar baas útwreidings fan de stâlen. Der waard freze dat dat wer ekstra bydrage soe oan mear stikstof yn de loft en lucht.

Mei de PAS besiket de oerheid no in balâns te finen tusken de ekonomyske belangen fan bedriuwen en it beskermjen fan natuerkwaliteit. Bedriuwen wurde ferplichte om maatregels te nimmen om de útstjit fan stikstof safolle mooglik te beheinen, bygelyks troch de wei fan oanpast fretten foar kij. Dêrneist wol it Ryk mei provinsjes en natuerorganisaasjes skansearre natuer ferhelje, ûnder oaren troch it fuortheljen fan de stikstofrike boppeste grûnlaach.

Bedriuwen yn Noard-Brabân krije te meitsjen mei ekstra strange regels tsjin stikstofútstjit. Boppe-op de lanlike PAS-maatregels hat de provinsje kediisd dat bedriuwen by natuergebieten yn Súdeast- en Midden-Brabân allinnich noch útwreidzje meie as hja gjin ekstra stikstof útstjitte. Neffens de provinsje wurde bedriuwen dy’t groeie wolle troch dizze oanfoljende maatregel twongen om ynnovative manieren te sykjen om de ekstra útstjit op te fangen.

july 1, 2015 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.