IIsbergen en beferzen flakten op Pluto, berch yn grêft op Charon

july 19, 2015 15:44

De romtesonde New Horizons stjoert aloan mear bylden en mjitresultaten nei de ierde, dy’t garre binne by de passaazje fan Pluto en syn moannen. In priuwke (© NASA)

Iisbergen

Op dizze foto, nommen doe’t de sonde it tichtst (77 tûzen kilometer) by de planeet wie, binne bergen te sjen dy’t minder as 100 miljoen jier âld binne; jong ferlike mei wat wenst is yn it sinnestelsel. Se binne nei alle gedachten yn haadsaak gearstald út wetteriis. Rûnom op Pluto komme metaan- en stikstofiis foar, mar dy materialen binne net sterk genôch om bergen fan te bouwen.

Iisflakte

It no al ferneamde ‘hert’ fan Pluto befettet koalmonokside-iis, sa docht bliken út de waarnimmings. It is in iisflakte dy’t troch troggen segmintearre wurdt. Dy segmintaasje is mooglik ûnstien troch krimpprosessen (krekt as by it drûgjen fan modder) mar kin ek it gefolch wêze fan de wize fan opwâljen fan materiaal út it binnenste fan de planeet wei. Dat binne alteast de twa hypotezen dêr’t de wittenskippers foarearst mei wurkje. De stikstofrike atmosfear fan Pluto rikt oant in hichte fan 1600 kilometer boppe it oerflak, sa docht bliken út spektografyske mjittings fan de New Horizons.

Charonmeiberchyngrêft

Op Charon binne net safolle kraters te sjen, wat der op wiist dat de grutste moanne fan Pluto allike geologysk warber is as de planeet sels. Opmerklik is de donkere boaiem op ‘e Noardpoal en in ûnbidige kleau mei in rûsde djipte fan 7 oant 9 kilometer (rjochts boppe-oan op ‘e foto); de Grand Canyon is dêr in beestje by. Fierders in tige opmerklike berch yn in ‘grêft’ (yn de útfergrutting lofts boppe-oan).

Om rillegau de foarnaamste bylden oerstrielje te kinnen, binne se komprimearre. Sadwaande bliuwt in protte foarearst noch dizenich en wurde mear fragen oproppen as beändere. Alle ynformaasje is lykwols opslein yn de databanken fan de New Horizons en skerpere foto’s wurde skielk ferstjoerd, wylst it romtereau trochreizget nei oare objekten fan de Kupergurdle.

july 19, 2015 15:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.