Famke wegere yn fleantúch fanwege bleke hûd

july 18, 2015 09:28

In 14-jierrich Skotsk famke dat op fakânsje soe nei de Malediven, waard fanwege har bleke gesicht wegere doe’t hja op it fleanjild fan Manchester yntsjekke woe foar har flecht. Dat meldt Daily fleanfjildRecord. Troch de bleke hûd fan it famke tocht it personiel fan Etihad Airways dat hja siik wie. By de yntsjekbaly waard in skriftlike ferklearring fan in dokter easke, om te bewizen dat de teener sûn genôch wie om te fleanen.

In wurknimmer fan de EHBO-post op de lofthaven joech help en ferklearring dat Grace, sa’t it famke hjit, ynsûn wie. Dat fûn de loftfeartmaatskippij lykwols net genôch. By einbesluten wist har heit krekt op ‘e tiid de húsdokter fan de famylje te berikken en mocht it famke oan board stappe. De heit hie ferteld dat hja út Skotlân kamen. Grace hat read hier en in bleke hûd, fierder is der neat te rêden mei har. De heit hie sa’n fermoeden dat de flecht yn werklikheid oerboekt wie.

Etihad Airways hat yntusken op it ynsidint reagearre. In wurdfierder ferklearret dat de meiwurkers allinnich mar nuodlik wiene oer it wolwêzen fan ien fan de passazjiers. De famylje kriget in ûnkostefergoeding, ek omdat bliken die dat de koffer fan Grace har mem by oankomst net oan board fan it fleantúch west hie.

july 18, 2015 09:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.