2014 Wie wrâldwiid waarmste jier ea

july 19, 2015 13:35

Neffens it rapport State of the Climate, dat de American Meteorological Society ôfrûne wike útbrocht, is 2014, lykas al eange waard, oer de hiele wrâld besjoen yndied it waarmste jier wurden dat ea metten is. Yn Europa brutsen mear as 20 lannen harren waarmterekôrs en rûnom op de wrâld bedarre 2014 yn de top trije fan waarmste jierren. Lykas bekend, is dy waarmte it gefolch fan broeikasgasútstjit en dêrmei it oprinnen fan de koaldioksidekonsintraasje yn de atmosfear. Likernôch de helte fan de troch de minsken útstjitten CO2 wurdt opnaam troch fegetaasje, boaiems en oseanen; de oare helte bliuwt yn de atmosfear. Yn 2013 waard op it Mauna Loa Observatoarium (sjoch foto efter grafyk hjirûnder; © AMS) yn 2013 al ris 400 partsjes CO2 op in miljoen luchtdieltsjes (ppm) metten; wrâldwiid besjoen wie it yn 2014 397,2 ppm en dat is al wer 1,9 ppm mear as it jier dêrfoar (sjoch grafyk). Foar de yndustriële revolúsje wie de CO2-konsintraasje mar 280 ppm. De lêste 800.000 jier hat it CO2-nivo nea boppe de 300 ppm west. De 40 % ekstra CO2 is fan dy gefolgen dat 1,88 watt mear enerzjy de kante meter ierdoerflak fêstholden wurdt en dat is omtrint 1 % fan de sinne-enerzjy dy’t de ierde berikt. Oer de hiele ierde rekkene is dat alle dagen 23 miljard megawatt en dat is sa’n bytsje de enerzjy dy’t de Feriene Steaten oer it hiele jier 2013 produsearre.

Koaldioksideferrin

Fierwei it grutste part fan dy fêstholden waarmte, 90 %, wurdt troch de oseanen opnaam. Fangefolgen wie de wrâldwide seewettertemperatuer allyksa rekôrheech. Hoe waarmer, nammerste mear enerzjy en dat hat wer as gefolch dat der mear tropyske orkanen ûntstienen: 91 njonken in trochsneed oer it tiidrek 1981-2010 fan 82. By de Noardpoal teide de snie 20 oant 30 dagen earder as de trochsneed yn it tiidrek 1998-2010. It oerflaksee-iis bleau dêr, krekt as de ôfrûne jierren, lyts. Yn it Súdpoalgebiet is der just in rekôr hoemannichte see-iis, ûnder oaren krekt troch it teien fan it lâniis, dat laat ta in kâlde en minder sâlte boppeste wetterlaach dy’t maklik wer befriest. It útsetten fan it waarmere wetter en it ranen fan lâniis laat ta in trochsettende wrâldwide seespegelrizing fan sa’n 3,2 mm yn it jier. Sûnt 1993, doe’t satellytmjittings út ein setten, is de seespegel al 6,7 sm omheech kaam.

Sjoch foar eftergrûnynformaasje en earder nijs oer dit ûnderwerp it dossier Klimaatferoaring fan It Nijs.

july 19, 2015 13:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.