Ynfloed grizelige films op bern lytser as tocht

juny 3, 2015 11:51

Grouwélige sênes út horrorfilms, bluodrige operaasjes, aaklike bylden op it sjoernaal. Wa’t fan it iene telefyzjekanaal nei it oare zapt, kriget soms njoere bylden te sjen. Ut ûndersyk docht bliken dat de ynfloed hjirfan op bern net sa hiel grut is. Bern yn Nederlân en België sjogge yn trochsneed twa oeren deis nei de telefyzje. Dat is folle mear as desennia lyn. Dêrneist docht bliken dat bern tsjintwurdich mear eangsten hawwe as yn de jierren fyftich fan de foarige iuw. Is der in ferbân?

Personaazjes yn in bernefilm hawwe in 2,5 kear gruttere kâns om it leadsje te lizzen as yn films foar folwoeksenen. Alden fan wichtige personaazjes yn animaasjefilms foar bern blike in mar leafst fiif kear gruttere kâns te hawwen om te stjerren as de âlden fan wichtige personaazjes yn films foar folwoeksenen. Animaasjefilms binne broeinêsten fan moard en gaos en litte in djippe yndruk efter op bern.

Nee, sa skriuwe ûndersikers fan de universiteit fan Sussex yn it wittenskiplik blêd Human Communication Research. Ut harren ûndersyk docht bliken dat in grizelige film in lytse ynfloed hat op it wolwêzen fan in bern. De measte bern wurde net of hast net troch de bylden beynfloede. Prefester Field en syn kollega’s analysearren 25 jier wittenskiplik ûndersyk nei telefyzjegebrûk en eangst.

Neffens Field is it maklik om te tanimmende bleatstelling oan telefyzjebylden as oarsaak fan psychyske problemen te neamen. Hy is fan miening dat foaral eangstige of yntroverte bern minder fearkrêftich binne as hja grizelige telefyzjebylden te sjen krije. In oar punt is dat ynformaasje oer psychologyske problemen of fobyen soms fûler oankomt by bern as gewelddiedige bylden. Dochs wurde grizelige films en gewelddiedige searjes labele mei 12+ of 16+, wylst dokumintêres oer fobyen foar alle leeftiden binne. Net terjochte, sa konkludearret Field.

juny 3, 2015 11:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.