Wetterskip Fryslân stelt fiif stúdzjebeurzen beskikber

juny 30, 2015 08:30 Fernijd

De wettersektor hat gouden hannen en knappe koppen nedich foar de takomst fan de sektor. Foar Wetterskip Fryslân reden om de jongerein fia ferskillende projekten yn ‘e kunde komme te litten mei de alsidigens fan wetter en technyk en se te stimulearjen wetterrelatearre opliedings te gean folgjen.

Ien fan dy projekten is de útrikking fan de Topsektor Wetter stúdzjebeurzen. Siktaris-direkteur Micha van Akkeren fan Wetterskip Fryslân rikke moandei 29 juni 2015 fiif stúdzjebeurzen út oan twa MBO- en twa HBO-studinten en ien WO-studint.

Wetterskip Fryslân sette yn ‘t stúdzjejier 2012/2013 útein mei de útrikking fan de stúdzjebeurzen Topsektor Wetter. It wetterskip biedt MBO-, HBO- en WO-masterstudinten de kâns twa jier harren kolleezjejild fergoede te krijen. Hjirby wurket Wetterskip Fryslân gear mei Wetsus Academy, NHL Hogeschool (Miljeukunde, Gemyske Technology, Biotechnology, Sivile Technyk, Elektrotechnyk of Werktúchboukunde) en Nordwin College (Wettermanagement & Miljeu).

Mei de Topsektor Wetter stúdzjebeurs biedt it wetterskip fiif ambisjeuze studinten net allinnich in soad jild, mar ek tiid (yn ‘e foarm fan staazje en beglieding) oan. Micha van Akkeren hjiroer: ‘De learling krijt fan ús in mentor dy’t him of har op ferskate wizen yn ‘e kunde komme lit mei de nijsgjirrige wetterskipspraktyk en wy fergoedzje it skoalle- of kolleezjejild.’

Ambassadeur

De studinten leverje op harren beurt in bydrage oan projekten binnen it wetterskip, jouwe foarljochting op skoallen en ferfolje in ambassadeursrol foar Wetterskip Fryslân en de wettersektor. Sy bringe Wetterskip Fryslân aktuele kennis, nije ynsichten en in nije eachopslach.

Topsektor Wetter

Wetterskip Fryslân is tige entûsjast oer de animo by studinten, ûnderwiisynstellings en wurkjouwers om mei te dwaan mei de stúdzjebeurzen. ‘De stúdzjebeurzen biede jonge, talintfolle studinten de mooglikheid om kennis te meitsjen mei ‘t wetterskipswurk en mei profesjonels út de praktyk’, sa sei Micha van Akkeren. ‘Dêrneist biede de beurzen it Fryske wetterskip, as wurkjouwer, de mooglikheid em te profilearjen op wei nei potinsjele nije wurknimmers.’

juny 30, 2015 08:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.