Safolle moat Grikelân ‘werom’ betelje

juny 30, 2015 15:08

Grikelân hat by ferskate partijen skulden. Mar hoefollel is ‘t lân, dat op ‘e râne fan de ôfgrûn stiet, syn skuldeaskers no eins presys ferskuldige? Neffens parseburo Reuters, dat in berekkening makke fan de offisjele data fan de ferskillende skulden fan Grikelân, stiet de folsleine Grykske skuld no op 242,8 miljard euro. It folsleine bedrach is ynklusyf de twa lienings dy’t de Griken krigen fan Europeeske regearings, en lienings dy’t it Internationaal Monetair Fonds (IMF) sûnt 2010 oan ‘t Súd-Europeeske lân útfeardige. It  jild dat de Europese Centrale Bank (ECB) en ferskate sintrale banken yn de eurozône oant no ta yn de Grykske ekonomy pompt hawwe sit hjirby.

Wat is it Grykske regear no ein ferskuldige en oan wa?

In oersicht:

* It IMF

Grikelân soe foarearst 48,1 miljard euro yn totaal krije fan ‘t IMF. Grikelân soe dêrfan sa’n 16,3 miljard krije foar maart 2016, as Athene it twadde herfoarmingsprogramma suksesfol implementearre hie. Lykas wy allegearre witte, is dat net bard. Grikelân hat oant juny fan dit jier, tajûn fia in obskuere konstruksje, alle betellings oan it IMF kreas foldien. Foar juny brûkte it lân in bondelingsprovysje fan ‘t IMF om ûnder in betelling fan 1,6 miljard euro út te kommen, dy’t dan ein juny (hjoed de 30e) betelle wurde moast.

* De ECB

De ECB hat sawat 18 miljard euro oan Grykske steatsobligaasjes yn hannen. De obligaasjes soene nei in Grexit, in mooglikheid dy’t hieltyd realistysker liket, mar noch in fraksje wurdich wêze fan harren nominale wearde. Mocht Grikelân út de eurozône weigean, dan wurdt de ECB opsadele mei in tige grutte rekkening foar ferlern kredyt. De ECB-presidint Mario Draghi sei koartlyn dat Grykske banken 89 miljard euro oan Emergency Liquidity Assistance (ELA) – oftewol needstipe – krigen hawwe. ELA-jild falt yn prinsipe ûnder de ferantwurdlikens fan de sintrale bank fan ‘t lân yn kwestje, mar betingst hjirfoar is wol dat Grikelân yn de eurozône bliuwt. Dêrom ek dat de ECB in Grexit perfoast tsjinhâlde wol. Mocht Grikelân tsjin alle ferwachtings yn dochs der útstappe, dan meie de oare eurolannen de rekkening betelje.

* De eurozône

Regearings fan eurolannen hawwe de Griken yn totaal 52,9 miljard euro oan twasidige lienings jûn by de earste Grykske liening yn 2010. By de twadde liening, dy’t yn 2012 ta stân kaam, krigen de Griken dêr nochris 141,8 miljard euro by. Krek als by de lienings fan ‘t IMF, soenen de Griken foarearst noch mear jild (1,8 miljard euro) krije op 30 juny as sy har oan de ôfsprutsen herfoarmingsplannen holden hiene.

Fan de lannen dy’t de Griken jild jûn hawwe foar de lienings, is Dútslân fierwei de grutste skuldeasker: ús easterbuorlju hawwe in totaalbedrach fan 57,23 miljard euro oermakke. Frankryk stiet twad, mei in bedrach fan 42.98 miljard euro. Dêrnei komt Italië mei 37,76 miljard euro en Spanje mei 25,1 miljard euro. Dizze bedragen komme boppe op de standerd-kontribúsjes oan IMF-lienings dy’t elk lid betelje moat. Dêrneist hawwe de eurolannen de terminen fan beteljen foar de Griken al ferlinge fan 15 nei 30 jier, en binne de rinten ferlege. Ek krije de Griken 10 jier útstel foar it beteljen fan rinte foar de twadde lienings.

Snein mei de Grykske befolking har stimme heare litte yn in referindum oer it útstel foar herfoarmings fan de jildsjitters. It Grykske regear ûnder lieding fan premier Alexis Tsipras hopet dat de befolking ‘nee’ stimme sil: as de Griken ‘ja’ stimme seit hy net dejinge te wêzen dy’t de fereaske besunigings en herfoarming trochfiere sil.

juny 30, 2015 15:08
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Piter july 1, 14:55

    242,8 miljard. Safolle skuld. Se moatte de stekker derút luke. Dan binne de Griken fan de skuld of. De skuldeaskers wolle it de Griken net skinke en sy wolle net werombetelje. Dan mar fallyt. Dan kinne se op ‘e nij begjinne en har saken sels op oarder krije.. En dan kinne se mei de Eurolannen gearwurkje om dat proses sa goed mooglik ferrinne te litten. Inoar net stikke litte, mar ek net mear jild liene.

  2. Kleis july 2, 10:13

    De Gryken haw it oan de banken en oan de greate opdrongen wapen oankeapen te danken dát hja der no sa min foarsitte.It jild what der hinne giet is bedoelt om de banken te rédden en it gewoane folk hat der neat oan.
    Se draaie foar de skulden op die’t makke binne troch boppeneamde instânsjes.

  3. Hylke july 2, 16:51

    Yn’t earste plak ha de Griken it foaral oan harren sels te tanken liket my.

    Se ha in swakke ekonomy. Jierrenlang is der fiersten te min belesting ophelle om’t sommige sektoaren beskerme waren en belêstingûntdûking dêr hiel normaal wie. Swartwurk wie rom in kwart fan de reguliere ekonomy (it BBP). Se koenen dêr op harren 52ste al mei pensjoen.

    Wy kinne noch wol folle mear redenen oanwize dy’t bydroegen hat oan de oprinnende skulden fan Grikelân.

    It definsjebudzjet is yndie ûnferantwurde heech en leit rom boppe de 2% NAFO noarm.
    Dêr wurde se net ta twongen. It hat mear te krijen mei de histoarje fan Grikelân en harren posysje op de wrâldkaart.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.