Nasjonaal Hjitteplan giet tiisdei yn

juny 29, 2015 11:47

It Nasjonaal Hjitteplan, dat sûnensproblemen by kwetsbere groepen beheine moat as it tige waarm wurdt, giet tiisdei yn. Dat lit it Ryksynstitút foar Folkssûnens en Miljeu (RIVM) moandei witte. Earder gong it ynstitút noch út fan op syn betiidst woansdei. It hjitteplan wurdt troch it RIVM yn wurking steld as der foar teminsten fjouwer opinoar folgjende dagen in maksimumtemperatuer boppe de 27 graden ferwachte wurdt. Dat is no it gefal.

De âlderein, minsken yn soarchynstellings, groanysk siken en minsken mei oergewicht binne ekstra kwetsber by hege temperatueren. It RIVM advisearret yn it plan ûnder oaren om genôch wetter te drinken, tinne klean te dragen, lichaamlike ynspanning middeis (op it hytst fan de dei) te beheinen en yn it skaad te bliuwen.

 

juny 29, 2015 11:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer juny 30, 15:38

    Lykas by kâldens is by waarmte ek de fielbere
    temperatuur fan belang. Oars as by kâldens spilet by waarmte de fochtichheid dat wol sizze hofolle wetterdamp der yn ‘e lucht sit in rol. By hege luchtfochtichheid en waarmte kin foar sûne en jonge minsken ynspanning sels kwea.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.