Mylde winter en dochs mear stjergefallen

juny 2, 2015 11:59

meer-ouderen-overleden-in-winter-dan-jaren-ervoor-Nettstjinsteande de relatyf mylde temperatueren binne de ôfrûne winter mear minsken ferstoarn as it jier dêrfoar. Foaral ûnder 80-plussers wie de stjerte heech. Dat berjochte it CBS juster. Mooglik is de lange grypweach de kweadogger.

Goed 67 tûzen minsken kamen te ferstjerren de ôfrûne winter, njoggentûzen mear as yn de winter fan ferline jier. De stjerte ûnder âlden fan tachtich jier en âlder wie 21 prosint heger as ferline jier. It CBS hâldt it tal stjergefallen fan desimber oant en mei april oan by de berekkeningen.

Tige lege temperatueren liede ornaris ta mear stjergefallen. Dat ferbân wurdt sterker alneffens dat immen âlder wurdt. Tusken opinoar folgjende winters is faker fariaasje te sjen yn it tal stjergefallen.

Gryp

Dochs is de hege stjerte no net te witen oan it waar. De winter wie nammentlik myld. Dat de stjerte sels heger is as yn de kâlde winter fan 2012-2013, is opmerklik. It CBS wiist op de grypweach wêrmei’t de hegere stjerte gearfoel. Dy goarre duorre 21 wiken en is dêrmei de langstduorjende sûnt yn 1970 begûn waard mei mjitten.

Dat de epidemy langer duorre as ornaris it gefal is, kin it gefolch wêze fan de firussen dy’t tefoaren foarkamen. Net alle farianten wienen yn de grypprip opnommen, wêrtroch’t de prip net hielendal beskerme hat.

juny 2, 2015 11:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.