Midsiuwske toer fûn by graafwurk yn Wageningen

juny 3, 2015 15:14

Yn it Bowlespark yn Wageningen is ûnferwachts in argeologyske fynst dien. By graafwurk foar in nije riolearring stjitte de oannimmer op in healrûne festingtoer yn de stedsmuorre, in saneamd midsiuwsk rûndiel. Op âlde tekeningen komt op meardere plakken yn de eastlike stedsmuorre in rûndiel foar, allinnich net op it plak dêr’t dit no fûn is.

Argeolooch Patrick van Luijtelaar hat it muorrewurk bleatlein. Neffens him datearret it rûndiel út de perioade foar 1500. Dit basearret er op de ôfmjittings fan de bakstien en de nei efter delrinnende side fan de ferdigeningsmuorre. Der binne ek skuorren fan 10 sintimeter yn de muorre oantroffen. Ien en oar wurdt fierder ûndersocht.

juny 3, 2015 15:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.