MidSimmerJûn snein 21 juny

juny 7, 2015 15:15

Diff_home1RIE – Foar de fyfde kear sil fan ‘t jier wer in MidSimmerJûn holden wurde yn Rie. De langste dei falt dit jier op in snein, dus it programma wurdt wat earder op de dei holden, sadat it in moai evenemint foar de sneintemiddeis wurdt. It sil ditkear duorje fan 15.00 – 19.00 oere. Fansels komme der wer in pear moaie fertellers mei prachtige ferhalen nei Rie, en wurdt it feest ôfsletten mei te gekke muzyk.

Dat Douwe Kootstra fan de partij is, is al jierrenlang wis. Hy is der ommers altyd. En ek fanwegen it súkses nochris te gast: Johan Veenstra. Dêrneist sil Aant Jelle Soepboer in optreden jaan, hy skriuwt en fertelt machtich spannende ferhalen. Ek de Vertelacademie yn Utert leveret in ferteller oan MidSimmerJûn: Marion de Witte út Swol.

Jaap Louwes is ien fan de muzikanten dy’t delkomme sil. In oar bekend gesicht sil der ek wer wêze: Gerbrich van Dekken. Jaap en Gerbrich sille beide lytse optredens jaan, mar ek tegearre op it poadium klimme foar in optreden.

We slute MidSimmerJûn ôf mei dé Fryske topband fan dit momint: DIFF. Americana yn in moderne jas, burden en gitaren dy’t rock&roll bringe op in wize dy’t elkenien opwynt. DIFF is flink op wei de muzykwrâld te feroverjen.

Op de website www.midsimmerjunrie.nl of fia facebook is altyd it lêste nijs en it eksakte programma fan snein 21 juny te besjen. Fia de webside binne de kaarten te bestellen. Se kostje krekt as oars wer € 7,50 yn de foarferkeap en 10 euro oan de kassa.

juny 7, 2015 15:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.