Mei ik dan by dy skûlje

juny 15, 2015 23:31

De hit fan Claudia de Breij “Mag ik dan bij Jou” is fan 2009 en hurd op wei in klassiker te wurden. It nûmer berikte it ôfrûne jier it 19de plak yn de top 2000 fan radio 2 en stiet no wer heech yn de hitlisten yn de ferzje fan Jeroen van der Boom. Dit skitterjende liet makket in bult los by it publyk en stiet op 1 fan Claudia en 2 fan Jeroen op it populêre “Itunes”. (Foto Claudia yn it “glazen huis” Haarlem 2014)

Fryske sjongtalinten ûntdutsen dit liet ek alris en makken moaie fertolkingen yn it Frysk. Dina Popma ûnder begelieding fan Melissa Siemonsma op de piano heart ek al hiel moai. Dan is der ek noch in skitterjend duet songen troch Syta van der Pas en Marijke Dijkstra. Beide binne no te beharkjen op You Tube.

Miskien dat in noch bettere fertaling fan dit liet útgroeie sil nei in Fryske top “cover”. Soks barde eartiids ek mei it nûmer Gabriella’s Liet fan Gezina v.d Zwaag & De Bazuin. Sa komt in goed liet yn ús eigen Fryske taal hiel tichtby.

It Nijs.nl daget elkenien út om Claudia de Breij har “Mag ik dan bij jou” yn it Frysk oer te setten. It soe moai wêze om ek in Fryske sjonger(es) dy’t dyn oersetting eins fertsjinnet, der by te setten!

Claudia de Breij

Als de oorlog komt,
En als ik dan moet schuilen,
Mag ik dan bij jou?
Als er een clubje komt,
Waar ik niet bij wil horen,
Mag ik dan bij jou?
Als er een regel komt
Waar ik niet aan voldoen kan
Mag ik dan bij jou?
En als ik iets moet zijn,
Wat ik nooit geweest ben,
Mag ik dan bij jou?

Mag ik dan bij jou schuilen,
Als het nergens anders kan?
En als ik moet huilen,
Droog jij m’n tranen dan?
Want als ik bij jou mag,
Mag jij altijd bij mij.
Kom wanneer je wilt,
Ik hou een kamer voor je vrij.

Als het onweer komt,
En als ik dan bang ben,
Mag ik dan bij jou?
Als de avond valt,
En ’t is mij te donker,
Mag ik dan bij jou?
Als de lente komt,
En als ik dan verliefd ben
Mag ik dan bij jou?
Als de liefde komt,
En ik weet het zeker,
Mag ik dan bij jou?

Mag ik dan bij jou schuilen,
Als het nergens anders kan?
En als ik moet huilen,
Droog jij m’n tranen dan?
Want als ik bij jou mag,
Mag jij altijd bij mij.
Kom wanneer je wilt,
Ik hou een kamer voor je vrij

Mag ik dan bij jou schuilen,
Als het nergens anders kan?
En als ik moet huilen
Droog jij m’n tranen dan?
Want als ik bij jou mag,
Mag jij altijd bij mij
Kom wanneer je wilt,
‘k hou een kamer voor je vrij.

Als het einde komt,
En als ik dan bang ben,
Mag ik dan bij jou?
Als het einde komt,
En als ik dan alleen ben,
Mag ik dan bij jou?

Jo reaksjes binne wolkom !

Siebe Siebenga

juny 15, 2015 23:31
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Johannes juny 16, 14:30

    Syta van der Pas en Marijke Dijkstra op “YouTube”.

  2. Johannes juny 22, 11:53

    Troch sjonger Marcel Smit.

    As der in kriich komt,
    En as ik dan skûlje moat,
    Mei ik dan by dy?
    As der in klubke komt.
    Wêr ik net by hearre wol,
    Mei ik dan by dy?
    As der in rigel komt
    Wêr ik net oan kin foldwaan
    Mei ik dan by dy?
    As ik wat wêze moat
    Wat ik noch nea west ha
    Mei ik dan by dy?

    Mei ik dan by dy skûlje,
    As it nearne oars mear kin
    En as ik gûle moat,
    Droegesto myn triennen dan?
    Want as ik by dy mei,
    Meisto altyd by my,
    Kom wannearsto wolst,
    Ik hâld in keamer foar dy frij.

    As de tonger komt,
    En as ik dan bang bin,
    Mei ik dan by dy?
    As de jûn begjint,
    En ‘t is my te tsjuster,
    Mei ik dan by dy?
    As de maaitiid komt,
    En ik dan fereale bin
    Mei ik dan by dy?
    As de leafde komt,
    En ik wit it wis,
    Mei ik dan by dy?

    Mei ik dan by dy skûlje,
    As it nearne oars mear kin
    En as ik gûle moat,
    Droegesto myn triennen dan?
    Want as ik by dy mei,
    Meisto altyd by my,
    Kom wannearsto wolst,
    Ik hâld in keamer foar dy frij.

    Mei ik dan by dy skûlje,
    As it nearne oars mear kin
    En as ik gûle moat,
    Droegesto myn triennen dan?
    Want as ik by dy mei,
    Meisto altyd by my,
    Kom wannearsto wolst,
    Ik hâld in keamer foar dy frij.

    As it ein der komt,
    En as ik dan bang bin,
    Mei ik dan by dy?
    As it ein der komt,
    En as ik allinnich bin,
    Mei ik dan by dy?

  3. Siebe Siebenga juny 24, 17:50

    Marcel Smit en dan in duet mei Iris Kroes??? Liket my moai…!!!

  4. Griet Reitsma septimber 25, 20:05

    Fertaling fan Claudia de Breij’s ‘Mag ik dan bij jou”

    Griet Reitsma – Mei ik dan by dy

    As der oarloch komt,
    en as ik dan skûlje moat,
    Mei ik dan by dy?
    As der in klupke komt
    En ik mei net meidwaan
    Mei ik dan by dy?
    As der in regel komt
    dêr ik net oan foldwaan kin
    Mei ik dan by dy?
    en as ik wêze moat
    sa as ik nea west ha
    Mei ik dan by dy?

    Mei ik dan by dy skûlje,
    As it nearne oars mear kin?
    Mei ik by dy komme
    As ik fertrietlik bin?
    Want as ik by dy mei,
    Meist do altyd by my
    Kom mar ast do wolst
    Ik hâld in keamer foar dy frij.

    As der tonger komt
    En as ik dan bang bin,
    Mei ik dan by dy?
    As it donker wurdt,
    En it is my te tsjuster,
    Mei ik dan by dy?
    As it foarjier komt
    En ik fereale bin,
    Mei ik dan by dy?
    As de leafde komt,
    En ik bin der wis fan
    Mei ik dan by dy?

    Mei ik dan by dy skûlje,
    As it nearne oars mear kin?
    Mei ik by dy komme
    As ik fertrietlik bin?
    Want as ik by dy mei,
    Meist do altyd by my
    Kom mar ast do wolst
    Ik hâld in keamer foar dy frij.

    Mei ik dan by dy skûlje,
    As it nearne oars mear kin?
    Mei ik by dy komme
    As ik fertrietlik bin?
    Want as ik by dy mei,
    Meist do altyd by my
    Kom mar ast do wolst
    Ik hâld in keamer foar dy frij.

    As myn einde komt
    En as ik dan bang bin
    Mei ik dan by dy?
    As it einde komt
    En ik fiel my iensum
    Mei ik dan by dy?

    Mar troch Gerrie Dantuma as Iris Kroes sjonge litte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.