Love is what you want – dyn ferhaal yn it museum

juny 9, 2015 09:12

‘Hoe hawwe jim inoar moete?’ Om dizze fraach draait it by Love is what you want, it nije publyksprojekt fan it Museum voor Communicatie yn De Haach. Op in feestje barste de ferhalen soms samar los. Soms binne de ferhalen grappich, moai of oandwaanlik. Oare ferhalen binne sa spektakulêr dat se hast net te leauwen binne. Kinst dyn ferhaal fertelle en hearre, sjen en belibje yn dit on- en offline projekt.

Leafde is de essinsje fan it libben. Hoe’t persoanlike moetingsferhalen ek begjinne, of wer einigje, se bliuwe jin altyd by. Hasto ek ûnferjitlike oantinkens oan de earste moetings mei in (online) date, dyn dierbere, hjoeddeiske of eks-partner? It Museum voor Communicatie is op ‘e syk nei de moaiste, spannendste, oandwaanlikste, grappichste, meast epyske of ‘o sa gewoane’ moetingsferhalen. Wie it leafde op it earste each, of kamen jim nei in jierrenlange freonskip pas byinoar? Yn en om it museum is der plak foar elk syn of har ferhaal.

Hast in persoanlik oantinken of symboal dat te krijen hat mei de begjinnende leafde? In krûper dy’t jim op ‘e merke wûn ha, in ferske, in bioskoopkaartsje of in diggel dy’t lok brocht, it kin fan alles wêze, lyts of grut. Tegearre mei dyn persoanlike ferhaal komt it yn de skynwerpers. It projekt is online fan 8 juny 2015 oant febrewaris 2016 op www.loveiswhatyouwant.nl. It projekt is offline te belibjen fan freed 4 septimber 2015 oant en mei febrewaris 2016 yn it Museum voor Communicatie yn De Haach.

juny 9, 2015 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.