Jierdeistraktaasjes op protte Limburchske skoallen ôfskaft

juny 30, 2015 09:12

Hieltyd mear Limburchske basisskoallen skaffe traktearje troch learlingen dy’t har jierdei hawwe ôf. Op hast de helte fan de basisskoallen yn de provinsje is der gjin romte mear foar jierdeistraktaasjes. Dat docht bliken út in stekproef, útfierd troch deiblêd De Limburger. De wichtichste redenen binne dat traktaasjes faak net sûn binne en in sosjale druk lizze op de âlden.

Alden soene inoar faak oertreffe wolle mei de traktaasjes, sizze de skoallen dy’t traktaasjes skrast hawwe tsjin de krante. In protte skoallen hawwe as alternatyf in eigen koekjestromp ynfierd, wêrmei’t de jierrige rûngean mei. Sa is de traktaasje foar elkenien gelyk en bliuwt it by in suertsje of koekje.

juny 30, 2015 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.