Grykske tastannen

juny 29, 2015 12:15

RabbelskuteDe foarsitter fan it Garypster doarpsbelang skriuwt yn it meidielingeblêd “De Rabbelskûte” oer de muoite om dat blêd oerein te hâlden:

De Rabbelskûte is yn har 18-jierrich bestean stadichoan foarútbuorke. Wie it de earste pear jier noch dreech om alles finansjeel wat op de gleed te krijen, letter koenen wy sels de nedige reserve opbouwe. Mar koartlyn makke ponghâlder Timon Busman ús kjel. As wy sa trochgeane moatte wy elts jier in stûfe € 500,00 ynleverje en binne wy mei in pear jier fallyt! It lykje wol Grykske tastannen by de Rabbelskûte.

Hastich ha wy de begrutting trochnaam om te sjen oft der hjir en dêr noch wat te heljen falt. Of moatte wy no krekt as Grikelân by it IMF oanklopje? Dêr hienen wy lykwols ek in swak moed op.

Wat is der te rêden mei de Rabbelskûte?

Koartsein is de analyze dat de opbringsten stadichoan efterútrinne en de útjeften heger wurde. Dan giet op in stuit de ferkearde kant út. Sa hienen wy yn de earste jierren moaie sponsorynstruiïngs fan bygelyks Elf Petroland. Jo hoegden it famke fan de klantekontakten mar te beljen of hja sei: “Oh meneer, bent u er weer, ik zal direct het bedrag overmaken!” Mar doe’t hja oernaam waarden troch Vermillion Oil die bliken dat dy in oar sponsorbelied hie en dêr kamen wy net yn foar.

Letter, doe’t Transportbedriuw Van der Veen ferhuze, kaam ek har fêste bydrage te ferfallen. Likewol krije wy fan doarpsbelang in bedrach per lid, mar dat is no te min om besunigings foar te kommen. Mar om doarpsbelang no te freegjen om mear jild, sa’t Grikelân dat oan it IMF docht, dat doare wy eins ek net. Wy hienen lykwols al besletten de tariven fan de advertinsjes foar it earst wat te ferheegjen, mar wy wolle dat net te raar dwaan. De oerwaging om fan eltsenien dy’t De Rabbelskûte krijt in bydrage te freegjen wize wy ôf. Ommers, dan soenen minsken dy’t it al krap ha mooglik de doarpskrante net mear lêze kinne. Dat is tsjin ús prinsipe dat elke Gariper De Rabbelskûte elke kear fergees yn de bus krijt.

En ekstra sponsors?

Wa wol no yn dizze krisistiid, bûten de advertearders om, in grutte sponsorjefte jaan? Al mei al slacht de finansjele situaasje ús raar om it gat, foaral no’t op de ledegearkomste fan doarpsbelang ferskate suggestjes dien binne om in wat lúksere, mear glossy ferzje fan De Rabbelskûte te meitsjen.

juny 29, 2015 12:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.