Fleishannel

juny 11, 2015 11:08
RZ

Jan Everts Kobus foarop de CD fan PIGMEAT. De foto hat ek jierren yn ‘t gebou fan de fleisfabryk Brada yn Ljouwert hong.

Rinie van der Zanden fan Partij van de Dieren soe it grif net goed fûn hawwe. In nochteren keal mei de poaten fêstbûn yn in koer foar op de fyts. Dat wie in oare tiid. Wy kinne har reaksje fan it guoze leed yn de Jan Durkspolder fan ferline wike. Spitich dat wy de miening fan berops guozeflappers Folkert van der Meer en Freerk Sierksma út deselde omkriten (Earnewâld en Grou) misse omdat se beide ferstoarn binne. Dat minsken somtiden bestean moatte fan de fleishannel is in feit. Sa wie dat ek mei keallekeapman Jan Everts Kobus út Nyegea.

De âlderein út it boerelaach of hjirmei anneks, sille Jan Everts grif noch kenne. Hy hie njonken de keallehannel ek in needslachting yn Nyegea. Jan Everts Kobus wie troud mei Geeske van der Zee en hja hienen fiif bern.  It wie de grutte konkurrint fan Jan “Koekoek” Wybenga. Allebeide besochten se as earste by de boer te wêzen om de nochteren keallen  of bollen te keapjen.

Jan Everts wie der altyd betiid by. Noch foardat syn hannel op de wrâld stie, wie Jan Everts al yn ‘e stâl. ,,Sil ik jo efkes helpe boer? Och skande boer….it is in boltsje hin hin hin?……Sil ik it dan mar keapje?” Syn keapmanskeunsten wienen ferneamd. Hy sei altyd dat er it eins fergees die mar hy bedoelde foar syn Geeske fansels! It gewicht fan syn hannel koe er aardich skatte op it each of op ‘e earm. Syn frou en fiif bern libben net yn earmoed ek al rûn hy hjir net mei te keap fansels. Hy seach der ek net út as in rike keapman en hie noch in ponge fan stof, ynstee fan in beurs. Fanwege de wiete keallen koenen syn klean faaks ek net al te skjin bliuwe. It prûmkjen makke him der ek al net kreazer op.

De boeren gunden Jan Kobus harren lytsfee wol omdat se mei in needslachting graach in goede priis ha woenen foar it deade fee. Reklame foar syn needslachting makke er op in unike wize. Net allinne de houten elektryske peallen tsjinnen foar reklame.  Sadree’t de bern út skoalle wei kamen wist hiel Aldegea dat der wat te heljen wie by Jan Everts. Dan stie te lêzen op it skoalboerd: “Noodslachting bij Jan Kobus uit Nijega”. Sels de fleisprizen stienen der by!

Op in dei kaam Jan Everts, Wietze Jongsma (in Aldegeaster winkelier) tsjin yn ‘e Buorren en wiisde him op it feit dat se by Wieberen Jonker in boltsje krigen hienen. Hy skeat as in snoek by Wieberen en Jantsje it hiem op, mar teloarsteld moast hy dizze keap foarbygean litte. De Jonkers woenen soan Harm net kwyt!

NW

Rinie v.d. Zanden op in biologyske feehâlderij fan Jan Brandsma yn de Drachtsterkompanije, foto Niels Westra

Mear as 60 jier gie er trou nei de Ljouwerter feemerk. Neffens in krante-artikel út 1955 naaide syn skoandere hannel ek al ris út yn Hurdegaryp. De kninen fleagen it hiele doarp troch. Dochs kaam hy mei de kninen op de Ljouwerter feemerke oan. It wienen dus net allinne keallen dêr’t er yn hannele. Jan Everts wist te fertsjinjen oan al it lytsfee en sels oan hynstesturten, hûnen, mollefeltsjes, dowen en fansels guozzen.

Yn 1959 is Jan Everts Kobus ferstoarn yn ‘e âldens fan 77 jier. Syn frou Geeske soe ien fan de belangrykste ynformanten wurde fan folksferhalesamler en preekfeint Dam Jaarsma út Eastermar. Hja stoar yn 1972 doe’t se 87 jier wie.

Dit ferhaal fan eartiids oer de feehannel sil Rinie van der Zanden wol net kenne, mar miskien moat der in nije guozzeflapper oansteld wurde sûnder Co2? Rikke guozzeboarst skynt hiel lekker te wêzen neffens de Fryske Omrop-kok Reitse Spanninga!

Siebe Siebenga

juny 11, 2015 11:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.