Film oer man dy’t auto’s weromhelle út Irak

juny 16, 2015 09:13

It ferhaal fan de Nederlânske Mark Stroop wurdt ferfilme. De eigener fan in autoferhierbedriuw yn IJsselstein waard ferline jier wrâldnijs doe’t er nei Irak ôfreizge om te besykjen syn stellen auto’s werom te heljen. Hanro Smitsman (Skin, Schemer) sil de film regissearje. Dat hat produsint Oak Motion Pictures tiisdei bekendmakke. It senario fan de film, dy’t as titel Stroop krigen hat, wurdt skreaun troch Willem Bosch (Van God los, Feuten). Akteurs binne noch net bekend.

Stroop fertelt in ferhaal dat keppele is oan de aktualiteit en hat de potinsje om in spannende, grappige en oandwaanlike film te wurden. It is in unyk ferhaal dat universeel werkenber is, sa lit regisseur Smitsman witte.

Mark Stroop kaam der yn 2013 efter dat twa jonges syn hierauto’s net werombrochten omdat hja nei Irak gongen wiene om har oan te sluten by de Jihad. Tegearre mei de heit fan ien fan de dieven begjint er oan in roadtrip yn in troch oarloch ferskuord Irak om syn weinen werom te krijen. Distributeur September Film sil Stroop yn 2017 yn de bioskoop útbringe.

juny 16, 2015 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.