‘Fear’ útrikt oan ‘Gysbert Japicxhûs’

juny 10, 2015 15:14

BOALSERT – Fan ‘e moarn hat foarsitter Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging de ‘Fear yn ‘e Broek’ útrikt oan frou Vroegindeweij, de foarsitter fan ‘e stifting ‘Gysbert Japicx (Holckema Stifting)’. Dy stifting, foaral bekend fan it Gysbert Japicxhûs  yn Boalsert, hat dit jier de ‘Fear yn de broek’ krigen foar it omgean mei it Frysk. Frou Vroegindeweij fan de ‘Gysbertstifting’ wie tige op ’t skik mei de priis. Hja sjocht it as in ‘hert ûnder de riem’ foar alle frijwilligers en meiwurkers foar de faak jierrenlange ynspanning. Nei bûten ta is it ek hiel earfol en it komt ek moai út om’t se yn 2016 wiidweidich stil stean wolle by it ferstjerren fan Japicx, dat dan 350 jier lyn is. Sa moat der in dokumintêre oer Japicx komme dy’t yn en bûten Fryslân te sjen is en der moat in musical foar bern komme, dy’t yn de Broeretsjerke yn Boalsert te sjen is. De priis is hjoed útrikt yn it Gysbert Japicxhûs sels.

Benedictus joech oan dat it Gysbert Japicxhûs yn kombinaasje mei museum en tekstwinkel al jierren in ‘ambassadeursfunksje’ foar it Frysk ferfolje. De lêste jierren wurdt ek prachtich meartalich materiaal foar de bern makke oer de persoan fan ‘Gysbert’, oer it Frysk en oer meartaligens. Yn it Gysbert Japicxhûs sels is troch it taalbelied in lege drompel om it Frysk te brûken. De webside is ek yn it Frysk beskikber. Mear as genôch reden, neffens Benedictus, om de stifting yn it sintsje te setten.

Fear yn ‘e Broek is in priis dy’t ynsteld is troch de Ried fan de Fryske Beweging. De Fear wurdt útrikt oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset. Earder waard de Fear ûnder oaren útrikt oan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, oan Arno Brok, oan Aaipop, de Ortodontsypraktyk yn Ljouwert en ferline jier oan Skilje (Fryske telefoantsjinst fan Vrieservice).

juny 10, 2015 15:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.