Dei duorret ien sekonde langer

juny 30, 2015 09:58

Lykas in skrikkeljier mei syn 366 dagen yn plak fan 365 dagen tefoaren komt dat de kalinderjierren te folle ôfwike sille fan it tropysk jier (de tiid wêryn’t de ierde om de sinne draait), soarget in skrikkelsekonde derfoar dat de klok dy’t wy brûke om tiid te mjitten, de atoomtiid, sa gelyk mooglik rinnen bliuwt oan de werklike rotaasje fan de ierde, de astronomyske tiid. De skrikkelsekonde kompensearret dêrmei it ferskil dat tusken de twa tiidstanderts ûntstiet as gefolch fan in stadich fertraagjende rotaasje fan de ierde.

Krekt sjoen gean der 86.400 sekonden yn ien dei. Alteast, neffens de tiidstandert dy’t wy yn ús deistich libben brûke, de Coordinated Universal Time (UTC). UTC is de atoomtiid, de klok dy’t as basis foar syn tiidmjitting gebrûkmakket fan trillings fan atomen. De frekwinsje fan dy trillings is konstant en ûnôfhinklik fan de omjouwing, en dêrmei is de atoomklok tige krekt. De meastbrûkte atoomklok is basearre op it skiekundich elemint sesium. Untjouwing fan de atoomklok op basis fan sesium late de ein yn fan it gebrûk fan de astronomyske tiid as ynternasjonaal tiidskaal, omdat de frekwinsje fan in sesiumklok folle konstanter bliek te wêzen as de rotaasje fan de ierde sels.

Neffens de astronomyske tiid, basearre op de rotaasje fan de ierde, telt de dei nammentlik likernôch 86.400,002 sekonden. Dit komt trochdat de ierde hieltyd in lyts bytsje stadiger draait, troch natuerlike geologyske aspekten. Wittenskippers stelle dat in sinnedei (ien rotaasje om de ierdas) al sûnt 1820 net mear 86.400 sekonden duorre hat. Om de twa tiidsstanderten binnen 0,9 sekonden faninoar te hâlden, wurdt der ien kear yn de safolle tiid, altyd op 30 juny of 31 desimber, in skrikkelsekonde tafoege. Skrikkelsekonden komme net lykmjittich foar, trochdat de rotaasje fan de ierde fariearret. Us planeet fertraget, mar yn ûnfoarsisbere mjitte. Guon perioaden hawwe mear skrikkelsekonden nedich as oaren. Fan 1970 ôf waard der hast alle jierren wol in ekstra sekonde tafoege. Yntusken binne de skrikkelsekonden minder frekwint wurden. De skrikkelsekonde fan dit jier is pas de fjirde sûnt 2000. Wittenskippers witte net krekt wêrom’t der de ofrûne jierren minder skrikkelsekonden nedich wiene. Unferwachte geologyske barrens, lykas ierdskoddings en fulkaanútbarstings, kinne de rotaasje fan de ierde beynfloedzje, mar op gruttere skaal is dit komplekser.

Trochdat de skrikkelsekonden sa ûnregelmjittich foarkomme, is it dreech foar programmeurs om derop te antisipearjen. Troch de lêste skrikkelsekonde, yn 2012, binne der ferskate websiden wêrûnder de grutte Amerikaanske nijswebside Reddit crasht, rekken GPS-systemen yn ’e hobbel en kaam de software fan fleantúchmaatskippijen plat te lizzen. Troch de kopsoargen dy’t skrikkelsekonden feroarsaakje komt de fraach op oft it net better is om se ôf te skaffen. De mieningen dêroer rinne útinoar. De astronomyske mienskip is foarstanner fan de skrikkelsekonde, mar in protte technyske minsken en engineers sjogge ‘m leaver net mear weromkommen. It sjocht dernei út dat se op termyn wol ferdwine sille, mar it is ôfwachtsjen hokker beslút de International Telecommunications Union hjiroer nimt. As de ekstra sekonde ôfskaft wurdt, sil de atoomtiid hieltyd mear ôfwike fan de astronomyske tiid: in minút of twa oer in perioade fan hûndert jier.

Hoe dan ek: ek al giet it mar om ien sekonde wêrfan’t de measte minsken net iens wat fernimme sille, soarget de skrikkelsekonde der wol foar dat wy op planetêr nivo yn alle gefallen op tiid bliuwe.

Boarne: National Geographic

juny 30, 2015 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.