De Heare en de sport

juny 30, 2015 09:00

Nederlân hie in jier of wat ferlyn op mondiaal badmintonnivo in stjer der by. Mia Audina fierde as earste Nederlânse de wrâldlist badminton oan. Hja kaam út Yndonezië en op it Olympyske Spul yn Athene (2004) wûn se foar ús lân in sulveren medalje. Dêr koenen wy yn it bûtelân mei oankomme en we koenen wiis wêze mei Audina. Yn ús lân is badminton in folwoeksen sport wurden en wurdt der net mear oer plûmkebal praat. Yn de Ljouwerter Krante stie doe: Audina komt yn de finale tanksij har bidden. Hja sei: ‘Ik jou alles en de rest docht de Heare.’

De Heare oanroppe om in sportyf doel te heljen? Ik gun elk syn of har leauwe en sil dêr ek nea minachtsjend oer prate. Mar, tink ik dan, hat dy Heare fan Audina neat oars oan ‘e holle om derfoar te soargjen dat hja goud hellet? Al har bidden hat neat jûn, gjin goud.

Wa’t tsjintwurdich sportwedstriden folget, komt de raarste dingen tsjin. Krúske slaan, grûn oanreitsje foardat se it fjild opkomme, binne noch simpele hannelingen. Guon kleurde fuotballers sjogge nei in goal omheech om Allah of wa dan ek te betankjen foar dy goal. Wat roppe se nei boppen as se in kâns misse? In pear jier lyn doe’t Yuong-Pyo Lee fan PSV de iennichste goal makke yn trije jier dat er by PSV spile en doe gong er op it fjild sitten te bidden.

Sa net, by de finale fan de Champions Leage tusken AC Milan en FC Barcelona siet der oars ek ien fan FC Barcelona te bidden op it fjild. Neymar, ek in spiler fan FC Barcelona, droech nei de wedstriid in hierbân, dêr’t 100% Jesus op stie. In pear wike letter waard er it fjild útstjoerd om‘t er syn tsjinstanner in stjit mei de holle yn de oare syn gesicht joech en de skiedsrjochter misledige. Wie Jezus net ien dy’t graach frede woe?

Noch eefkes en dan steane yn de stadions neist de dug-outs bidkapeltsjes en gebedsromten foar islamiten.

Popke Popma

juny 30, 2015 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.