BTW-ferheging fan ‘e baan

juny 30, 2015 14:11

In ferheging fan de BTW unyk dizze kabinetsperioade giet oer. Dy konklúzje lûke VVD-fraksjefoarsitter Zijlstra en PvdA-lieder Samsom út it mislearjen fan it oerlis fan koälysje en opposysje oer de belestingen. Ek oare parten fan in grutte belastingherfoarming geane net troch. “Wy hawwe hieltyd sein dat as der gjin stipe is fan de opposysje de maatregels net trochgeane”, sei Zijlstra. Samsom heakke deroan ta dat hy graach fierder gean woe, mar dat dêr dan wol draachflak foar nedich is. Zijlstra sjocht ek wol yn dat de VVD nea bot entûsjast west hat oer de btw-ferheging, mar hy hie wol ree west om dêroer te praten. Mar no’t de opposysje ôfheakke is, kin dizze maatregel neffens him yn ‘e papierkoer.

Zijlstra helle út nei D66, dat juster net fierder ûnderhannelje woe. “Ik wit noch hieltyd net wat it ferlanglistke fan D66 wie; dat wie op in pear foarbylden nei net helder.”

Wol lesteferromming

De koälysje hâldt wol fêst oan in lesteferromming fan 5 miljard euro. VVD en PvdA hawwe der wol betrouwen yn dat foar dat pakket wol in mearderheid yn de Earste Keamer wêze sil, ek sûnder ôfspraken foarôf. Zijlstra sei dat Nederlân derfan profitearje mei dat it better giet mei de ekonomy. Dy lesteferromming soe in warbere húshâlding in belestingfoardiel fan sa’n 800 euro opsmite moatte. Samsom sei mei klam dat ek dit part fan ‘t plan mear wurk opsmyt en dat minsken mei in leech ynkommen wat ekstra krije. Neffens him wurdt it fermogen earliker belêstge en kinne bedriuwen minder maklik fia tsjustere konstruksjes winst ûntwike.

Noch in soad wurk te dwaan

Zijlstra en Samsom bestride dat it kabinet de kommende perioade net folle mear te dwaan hat. De VVD-fraksjefoarsitter beklammet dat it kabinet drok dwaande is mei it útfieren fan alle herfoarmings dy’t wol de streek helle hawwe. Hy fynt it wichtich dat it kabinet de finger oan ‘e pols hâldt en bystjoert, bygelyks op it mêd fan de pgb’s. En Samsom sei dat it kabinet noch in soad wurk fersette moat. “Dit lân kin altyd noch wat better en earliker.”

juny 30, 2015 14:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.