Unyk grêffjild fûn yn Dalfsen

maaie 19, 2015 19:05

Yn Dalfsen hawwe argeologen in grêffjld út ‘e stientiid bleatlein. It is it grutste grêffjild fan hunebêdbouwers dat yn Noardwest-Europa fûn is. “It is in unike fynst”, seit Boudewijn Goudswaard, dy’t dêr as argeoloog yn behelle is. Argeologen diene de fynst yn Oerisel doe’t in boaiemûndersyk dien waard fanwegen de bou fan wenten en bedriuwen.

Trachterbekers

Yn totaal binne mear as hûndert grêven mei trachterbekers fûn út ‘e tiid dat de hunebêden boud waarden. “Meastal fine wy by in opgraving mar in pear trachterbekers. No hûndertentweintich”, sei Goudswaard. Hy is ek út ‘e skroeven oer de oantroffen rêsten fan in pleats: “It is unyk dat wy in hûs fûn hawwe dêr’t hunebedbouwers yn wenne ha. Dat hawwe wy nea earder sjoen yn Nederlân.”

Oer-Nederlanner

Neffens de gemeente Dalfsen smyt de fynst nij ljocht op de oer-Nederlanner. “Dat binne de earste minsken dy’t har duorjend yn ús lân fêstigen en net langer as jager-samler omreizgen. It leart ús hoe’t de mienskip fan dit ûngrypbere folk fan de earste boeren út sirka 3000 foar Kristus yn Noard-Nederlân libbe en wurke ha.”

maaie 19, 2015 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.