Topstik Alma-Tadema foar it Fries museum

maaie 25, 2015 13:58

It Fries Museum hat in topstik oankocht fan Sir Lawrence Alma-Tadema (1836-1912). It is de grutste oankeap út it bestean fan it museum. It skilderij The Entrance to a Roman Theatre (1866) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste wurken fan ‘e hân fan Alma-Tadema. Hy oerweldige dêrmei de Amerikaanske merk en befêstige sa definityf syn ynternasjonale rom. Mei tank oan dizze keap is it Fries Museum no it iennichste museum yn Nederlân dat in goed oersicht jaan kin fan syn wurk. Yn 2016 organisearret it museum in ynternasjonale útstalling oer Alma-Tadema.

entrance-to-a-roman-theatre-1866The Entrance to a Roman Theatre is Alma-Tadema sûnder mis. It is ien fan syn earste skilderijen mei in Romeinsk tema, dêr’t er letter sa ferneamd mei wurde soe. Fanwegen de artistike kwaliteit, de troch himself ûntwikkele monumintale list en it feit dat dit wurk syn ynternasjonale trochbraak betsjutte, is it in kaaiwurk yn syn oeuvre. The Entrance to a Roman Theatre spilet in haadrol yn de ynternasjonale blockbuster oer Alma-Tadema dy’t op 1 oktober 2016 iepenet yn it Fries Museum. Dy ústalling wurdt organisearre yn gearwurking mei musea en ûndersykspartners yn de Feriene Steaten en Grut-Brittanje. De hagelnije oankeap sil yn ‘e rin fan 2015 al te sjen wêze yn ‘t museum.

Unmisbere stipe

It wurk fan Alma-Tadema is de lêste desennia slim yn priis oanhelle. It is dan ek bysûnder dat it Fries Museum der yn slgge is om dit wichtige wurk oan te keapjen. Mei $ 1,8 miljoen is it de grutste oankeap ea foar ‘t Fries Museum. Partikuliere stipe hat by dizze oankeap ûnmisber west. De Feriening Rembrandt hat tige rynsk bydroegen. De Feriening Rembrandt hat yn Fryslân in eigen rûnte, de Saskia Cirkel, mei har eigen Saskia Fonds, bedoeld foar oankeapen foar de Fryske musea. Mooglik sil dizze Friese Cirkel har namme noch ferbine oan dizze útsûnderlike oanwinst. Oare, grutte bydragen kamen fan ‘t Mondriaan Fonds en de BankGiro Loterij. De oankeap wurdt fierders finansjeel stipe troch de saaklik en partikuliere Freonen fan ‘t Fries Museum en de Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting. It Collectiefonds fan ‘t Fries Museum docht substansjeel mei en stiet garant foar de lêste missende middels foar dizze oankeap.

Grutste kolleksje

It Fries Museum hie al de grutste Alma-Tadema-kolleksje fan Nederlân ta syn foldwaan. Dy omfiemet betiid wurk mei midsiuwske tema’s en in inkeld let ‘Romeinsk’ stik lykas Amo te ama me (1881). The Entrance to a Roman Theatre follet it gat tusken dizze perioaden. In ferlykber wurk fan Alma-Tadema is yn Nederlân net te finen. It Fries Museum kin dêrom no as iennichst museum yn Nederlân de folsleine ûntwikkeling sjen litte dy’t de skilder trochmakke hat.

Fan Lourens nei Lawrence

Lourens Tadema waard yn 1836 berne yn it Fryske Dronryp en gie nei skoalle yn Ljouwert. Hy folge syn oplieding ta skilder oan de Keninklike Akademy fan Antwerpen. Dêrnei wurke hy yn Brussel, oant er yn 1870 nei Londen ferhuze. Dêr soe hy de rest fan syn libben wenje en wurkje. Alma-Tadema ûntwikkele him yn Ingelân ta ien fan de wichtichste skilders fan syn tiid. Hy feringelske syn namme ta Lawrence en mocht him Sir neame. Yn syn skilderijen naam hy de sjogger mei nei de Romeinske Aldheid. Syn ymposante yn Romeinske styl foarme wenhûs wie de proeftún foar syn foarstellings. Alma-Tadema ferbylde de Aldheid sa werkenber en oertsjûgjend, dat regisseurs syn skilderijen brûkten as blauprint foar spektakelfilms as Ben Hur en The Gladiator.

Sjoch ek dit eftergûnartikel fan in pear jier lyn op It Nijs: Sir Lawrence nei ieu werom.

maaie 25, 2015 13:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.