Tiidrek fan Wytsings begûn earder as tocht

maaie 8, 2015 14:46

It tiidrek fan de Wytsings (Vikingen) begûn folle earder as tocht, en wie yn it begjin ek folle minder gewelddiedich. Ta dy konklúzje komme ûndersikers fan de Universiteit fan York. Yn juny 793 plonderen Wytsings it Ingelske Lindisfarne. Mar nij ûndersyk suggerearret no dat it tiidrek fan de Wytsings sa’n santich jier earder al begûn.

Oan it begjin fan de achtste iuw reizgen Wytsings al út Noarwegen wei nei it wichtige hannelssintrum yn Ribe (oan de westkust fan Denemarken), sa stelle ûndersikers fêst. Hja basearje har konklúzjes op opgravings yn Ribe. By dy opgravings fûnen argeologen hoarnen fan rindieren: dieren dy’t oarspronklik net yn Denemarken foarkomme en nei alle gedachten út Noarwegen wei nei Ribe brocht waarden. Neffens de ûndersikers bewize de hoarnen dat Wytsings – lang foar harren earste plondertochten – al it wetter oerstutsen om te hanneljen.

Nei alle gedachten diene dy Wytsings by dy earste hannelsreizen ûnderfinings op see op dy’t goed fan pas kamen by de rôftochten dy’t se letter – tsjin de ein fan de achtste iuw, dus foar it earst – ûndernommen. De Wytsings rekken sadwaande sa betûft yn it silen dat se de kust fan Ingelân wisten te berikken en kamen dêrby de lokale befolking alhiel oer it mad. De Wytsings harren ynfallen wiene gleonhastich, hja plonderen de boel en gongen wer fuort, neffens de ûndersikers.

Dit ûndersyk lit sjen dat hannelers en oare reizgers út it noarden wei Ribe lang foar it begjin fan it Wytsingetiidrek sa’t wy dat kenne, besochten. Sels yn dat iere stadium luts de stêd besikers fan fierrens oan. It liket dat de hannel yn (haven)stêden de driuwende krêft wie efter in protte feroarings. It ûndersyk feroaret ek ús sjenswize op de Wytsings. Hja steane oer it generaal bekend as in folk dat op fiere reizen in protte geweld brûkte. Mar sa begûn it allegear net. De freedsume útwikselings – de hannel – sille no in grutter part fan it ferhaal útmeitsje.

Boarne: www.scientias.nl

maaie 8, 2015 14:46
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. tsjerk maaie 13, 10:33

    ‘Argeologen fûnen geweien …’; ‘bewize de geweien …’ , sa stiet it der. Lykwols: ‘Geweien’ is Hollânsk; Frysk is ‘hoarnen’ (pl.).

    En yn de tiid fan de Wytsings wiene der ek noch gjin Hollanners. Wêrom harren wurden dan te brûken? Sok taaltúch der mar út …

  2. Rob maaie 13, 11:22

    @Tsjerk: Yn de Wytsingtyd wie der noch gjin greefskip Hollân. Dat wol net sizze dat der gjin Hollanners wiene. En “geweien” is gjin Hollânsk mar Nederlânsk. Ik bin it wol iens dat “hoarnen” better brûkt wurde kinne hie.

  3. Lútsen maaie 14, 16:40

    Der slûpt wolris ien tusken de mesken troch. Lykwols tank foar de opnimstigens. De skriuwster hat it ‘gewei’ der wyls útwraamd.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.