Spylfilm BAK op Omrop Fryslân Telefyzje

maaie 3, 2015 08:40

Fan woansdei 6 maaie oant en mei sneon 9 maaie

In sjoernalist moat ferslach dwaan fan in ferdwining dêr’t er sels yn behelle is. Dat ferhaal fertelt de spylfilm BAK. De film is basearre op de koarte roman fan Sietse de Vries mei deselde namme, dy’t yn 2012 as kadoboek yn de Moanne fan it Fryske Boek útjûn waard. Omrop Fryslân stjoert de Frysktalige thriller yn fjouwer dielen út fan woansdei 6 oant en mei sneon 9 maaie.

Haadpersoan yn it boek en de film is stedsferslachjouwer Sjerp Bak fan de Ljouwerter Krante. Syn libben kriget in hommelse kear as hy by in út de hân rûn deilisskip gemeenteriedslid Remco Beets deadet. It libben fan Bak komt hielendal op ‘e kop te stean as syn sjef him freget om foar de krante ferslach te dwaan fan it ûndersyk nei de moard op Beets. Ynearsten mei tsjinsin, mar letter fol fjoer, ferdjippet Bak him yn it libben fan Beets. Wie Beets wol it respektabele riedslid dat er like? Kin Bak as sjoernalist de wierheid ferdraaie? En wat is de rol fan wethâlder Geke Jensma?

De film is in inisjatyf fan regisseur Auke de Witte en stifting Willewurk. Dy stifting wol net-kommersjele films meitsje en dêrby professionals en betûfte amateurs gearwurkje litte. Joop Wittermans en Joke Tjalsma spylje de haadrollen yn BAK, de measte oare rollen wurde spile troch amateurs. Theun Plantinga is ferantwurdlik foar de regy en de muzyk is komponearre en spile troch Syb van der Ploeg. De film BAK is op moandei 2 maart yn bioskoop Cinema yn Ljouwert yn premiêre gongen.

Film Bak
Fan woansdei 6 oant en mei sneon 9 maaie om 17.20 oere en dêrnei fan 18.30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

maaie 3, 2015 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.