Skoalbern jouwe advys

maaie 30, 2015 16:11

Rûm hûndert skoalbern út it fuortset ûnderwiis hawwe ôfrûne freed wilens it JeugdWaterCongres yn de Lemmer harren advizen presentearre oer duorsum wetterbehear, wetterkwaliteit en feiligens. In fiifkoppige sjuery besteande út dykgraaf Paul van Erkelens, wethâlder Mirjam Bakker fan de gemeente Súdwest-Fryslân en trije amtners fan beide organisaasjes makken in kar út de ynstjoerings. It JeugdWaterCongres is in inisjatyf fan Wetterskip Fryslân mei IVN Noord, wêrmei’t se ynsette op takomstich talint yn de wettersektor.

Wichtichst útgongspunt fan ‘t JeugdWaterCongres is skoalbern sjen en ûnderfine te litten hoe’t Wetterskip Fryslân soarget foar skjin en genôch wetter en drûge fuotten. Yn de moannen april en maaie hawwe yn totaal 105 skoalbern fan it CSG Liudger (Drachten), Bogerman (Snits) en it Marne College (Boalsert) op in tal plakken yn ‘t behearsgebiet fan Wetterskip Fryslân kennis makke mei ‘t wurk en de meiwurkers fan ‘t wetterskip. ‘Mei it JeugdWaterCongres wolle wy berikke dat skoalbern mear sicht krije op it belang en de mearsidegens fan ‘t wetterskipswurk’, sa sei Paul van Erkelens, dykgraaf fan Wetterskip Fryslân.

Wetterskip Fryslân ûntfangt

In oar wichtich doel fan ‘t JeugdWaterCongres is wetterbewustwêzen. Wetterbewustwêzen by boargers en skoalbern is wichtich foar de sektor, mar komt net samar oanwaaien. Dêrom is ‘t goed dat de ‘boarger fan de takomst’ kennismakket mei en ynformaaasje krijt oer wetter yn al har fasetten. ‘Fiele, sjen, heare, genietsje, kenne, belibje en beseffe: dat yn syn gehhiel neame wy wetteredukaasje’, sa sei Van Erkelens. ‘Bern (skoalbern) hawwe de takomst. It is dêrom wichtich dat sy de betsjutting fan wetter yn in lân as Nederlân kenne en wat de rol fan de wettersektor is.’

JeugdWaterCongres

Neist de presintaasje fan harren befinings en oanbefellings oan Wetterskip Fryslân, wie der dizze dei noch in nijsgjirrich aktiviteiteprogramma foar de skoalbern. Dêryn waarden de ferskate beroppen keppele oan de taakgebieten skjin wetter, genôch wetter en wetterfeiligens. Skoalbern krigen sa in klear byld fan sawol it ferskaat as de ynhâld fan ‘t wurk fan Wetterskip Fryslân.

maaie 30, 2015 16:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.