Flecht mei sinnefleantúch ôfbrutsen

maaie 31, 2015 09:15

It sinnefleantúch Solar Impulse 2 is sneontejûn einlings opstiigd foar de krusjale etappe oer de Grutte Oseaan. De Switserske piloat André Borschberg is út de Sinese stêd Nanjing ôfreizge nei Hawaï. Om 20.45 oere Nederlânske tiid gong de piloat op wei nei de Amerikaanske steat. Oer seis dagen hopet er Hawaï te berikken, in tocht fan 8172 kilometer. De piloat besiket sûnder in drip brânje in reis om de wrâld te meitsjen.

De Pasifistyske flecht is foar de piloat de swierste etappe. De 62-jierrige piloat sil te meitsjen krije mei ekstreme temperatueren en kin net langer as tweintich minuten achterinoar sliepe. De foarige etappes duorren op syn langst tweintich oeren. Eins soe de Solar Impulse 2 ôfrûne moandei de oerstek nei Hawaï meitsje, mar de tocht waard doe op ’e nij útsteld troch min waar. It fleantúch stie al wiken yn Sina oan ’e grûn troch minne waarsomstannichheden.

Begjin maart fleach it sinnefleantúch út Abu Dhabi wei. Fia Oman, Yndia en Myanmar kaam it oan yn Sina. Nei Hawaï fleant it fierder nei de Amerikaanske westkust. Borschberg wikselet de etappes ôf mei syn kompanjon Bertrand Piccard. De cockpit is sa lyts dat der mar ien piloat yn past. De Switserske fleaners binne al goed tolve jier dwaande mei it projekt, wêrmei’t hja de miljeufreonlike mooglikheden fan sinne-enerzjy sjen litte wolle. De wjukken fan it tastel hawwe in spanwiidte fan 72 meter. Dat is grutter as by in Boeing 747. Op de enoarme wjukken sitte mear as 17.000 sinnesellen, dy’t de enerzjy opwekke foar de fjouwer elektromotoaren.

Updeet moandei 1 juny: De Solar Impulse 2 hat moandei in ûnferwachte lâning yn Japan makke. Troch de waarsomstannichheden boppe de Grutte Oseaan is it net ferantwurde om fierder te fleanen. It fleantúch sirkele in pear oeren boppe de Japanske See oant de lâning op it fleanfjild fan Nagoya op it eilân Honshu besletten waard. De loft mei oerdeis net berûn wêze, want dan wurde de akku’s net genôch opladen om nachts fleane te kinnen. Ek moat it fleantúch de wyn mei ha.

maaie 31, 2015 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.