Sijperda Verhuur wint Fryske Reklamepriis

maaie 21, 2015 23:31

De priis foar de bêste Frysktalige reklame is fan ‘e middei yn it telefyzjeprogramma Bynt troch pommerant út polityk en bestjoerslibben Sjoerd Galema útrikt oan Jos Jellesma fan Sijperda Verhuur foar it filmke ‘Klear’. Omtrint twatûzen stimmen binne útbrocht op de trije troch de sjuery selektearre reklame-uterings. ‘Klear’ krige mei 933 stimmen hast de helte fan it totale stimmetal (47,7%). ‘Pake Oeds Moster’ kaam mei 597 stimmen (30,5%) op it twadde plak en ‘Gjin Alvestêdetocht’ fan Carglass (428; 21,9%) op it tredde.

_FRP7282Fan loft nei rjochts de nominearren Jos Jellesma fan Sijperda Verhuur, Halbe Algra fan Carglass en Joop Agema fan Pake Oeds mei presintator Roelof Lousma.

Yn it Bynt Kafee gie it feest nei de telefyzjeútstjoering noch efkes troch. Under oaren mei it útrikken fan in i-pad oan Rixt van Dongera. Hja wie ien fan it espeltsje stimmers dat in e-mail krige hie mei de útnûging om nei it Bynt Kafee yn de Omrop Fryslân studio’s te kommen. Akteur Jan Arendz, dy’t der op radio en telefyzje sa op oanstien hie om te stimmen en dêrmei kâns te meitsjen op it tablet kompjûterke, luts har briefke út in pet. De 23-jierrige hast ôfstudearre studinte Europeeske taal en kultuer, dy’t sels foar it ynternettydskrift Skanomodu skriuwt, wie it hielendal net om de i-pad begûn en ek net sa lyk om de sjarmes fan Jan Arendz. Dus se hat om ideologyske redens stimd? “No, dat klinkt wat te moai. Mar it giet my wol om de Fryske reklame, ja.”

Dêr wie it altyd al om te rêden, sa leit de eardere driuwende krêft efter de Fryske Reklamepriis Thom Dykstra noch efkes koart út. “Doe’t Omrop Fryslân út ein sette, fûnen wy it nuver dat de reklames yn it Nederlânsk wienen. Dêr woenen we wat oan dwaan.” Hy kriget de mikrofoan om’t er no offisjeel ôfskied nimt. In ôfskiedsgearkomste woe Dykstra oant no ta neat fan witte, sa fernijt Geart Benedictus, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, it omsteand laach. Dykstra: “Ik woe der earst wis fan wêze dat de Fryske Reklamepriis fuortset wurde soe en ik sjoch no dat soks yndied slagge is.” De filmkes foar de reklamepriis sels brochten yn alle gefallen op strjitte al it praat op it Frysk. In frou spriek Jan Arendz der yn de supermerk oer oan: “Wat sizze jo dêr no krekt, wat betsjut rju risnabel?” Mar tiden hawwe tiden: net mear as ien fan de trije dit jier nominearre reklames – de winner – wie oarspronklik by Omrop Fryslân te sjen.

De makker fan it winnende filmke Enno Feenstra – earder fideoprodusint, no warber mei it organisearjen fan eveneminten lykas de Slachte Maraton en Welcome to the Vilage – is wakker grutsk op syn priis. Grutsk wie ek it tema dêr’t er mei teset gie, doe’t er neitocht oer in reklamefilmke foar Sijperda. Grutsk as in wurknimmer op syn bedriuw? Oertsjûgjender is in bern dat grutsk is op syn heit. Dy’t dan by Sijperda wurket. En wat dogge bern: tekenje. Earst hat Feenstra sels mei tekeninkjes teset west. “Mar de kreativiteit fan in bern ha ik net yn my, dêrom ha ik alle bern fan de buert útnûge en harren mei rynsk sjips en kola oan it tekenjen set.” Foar it ynsprekken fan de stimmen ha fjirtich bern audysje dien. “Ien famke kipe der út, mar dat kaam om’t se ferkâlden wie.” Dêrom is hja doe halje trawalje fuortendalik de oare deis optrommele om de tekst yn te sprekken.

_FRP7321Jos Jellesma fan Sijperda Verhuur mei Sjoerd Galema en de priis.

Wat tichter by de wurklikheid stiet it filmke fan Carglass, dêr’t in echte monteur foar ynset waard: Halbe Algra. Algra is o sa wiis mei de tredde priis nei’t ynearsten raar guod spuid waard oer syn ûnderstelde boekje-Frysk. Mar hy kin dy krityk winliken net neikomme: “Sa prate wy in Weidum. Der wie in Nederlânske tekst skreaun en dy ha ik yn myn eigen Frysk útsprutsen.” It idee foar in Frysktalich filmke kaam fan de direksje. It eigen reklameburo seach it net sitten, mar Carglass sette troch en behelle der in oar buro yn dat wol in filmke makke dat passe yn de rige fan eigen monteurs dy’t de taal fan de klant prate. “Ik ha dochs mar moai Rutger Hauer ferslein”, gnysket Algra optein, referearjend oan it filmke fan Meulen & Baarsma mei dy wrâldferneamde auteur, dat ek meitinge mar net nominearre waard troch de sjuery. It Carglassfilmke wie te sjen op de lanlike stjoerders, net by Omrop Fryslân.

Pake Oeds hat oarspronklik hielendal net op de telefyzje west, mar wie allinnich op it ynternet te sjen. Noch singelierder: de fabrikant hat nea opdracht jûn foar dizze ‘wylde’ reklame. Foar Jan Hessel de Haan, dy’t pake Oeds spilet yn it filmke, en de filmer syn neef Joop Agema, fielt de twadde priis as ha se wûn. Se meitsje wol faker filmkes en fiele harren no hielendal oantrúnd dêr mei troch te gean. Hoe kaam dit no ta stân? It begûn mei in pet dy’t Agema kocht. “Net iens sa’n goedkeapenien, hear.” Beide wienen fan betinken dat it in typyske ‘Pake Oeds pet’ wie. Mar wa wie dat eins krekt ek al wer? Google moast der by om út te sykjen hoe’t it krekt siet. En fan it ien kaam dêrnei it oar. Doe’t Agema hearde fan de nominaasje, hat er daliks Omrop Fryslân skille, om earlik op te bychtsjen dat it winliken in fyt wie. Mar de reklamepriiskommisje woe neat witte fan diskwalifikaasje. Kommisjefoarsitter Siem de Vlas: “Der wurdt yn it Frysk reklame makke foar in besteand produkt en dêrmei foldocht it oan de betingsten.”

Sjoch hjirûnder de oanbelangjende ôflevering fan Bynt. De Fryske Reklamepriis komt yn it begjin en oan de ein oan de oarder.

maaie 21, 2015 23:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*