Seldsume Apple-kompjûter by âld smoargens

maaie 31, 2015 10:31

In Amerikaansk omrinbedriuw is op ‘e syk nei in frou dy’t sûnder dat hja it wist in seldsume kompjûter mei it ôfeart meijoech. It bedriuw ûntduts dat it om in Apple 1 giet. Dat is de earste generaasje fan it kompjûtermerk, dêr’t mar 200 eksimplaren fan makke binne. De frou joech begjin april in doaze mei elektroanika oan it bedriuw yn Silicon Valley om wer te brûken. Hja sei dat har man krekt ferstoarn wie en dat hja de garaazje opromme hie.

In meiwurker fan it bedriuw wie ferbjustere doe’t er de Apple 1 seach. Hy tocht earst dat it in sabeare-eksimplaar wie. It bedriuw hat de kompjûter ûnderwilens foar 200.000 dollar trochferkocht oan in samler en wol de opbringst graach mei de frou diele. In topman fan it bedriuw seit dat er har wol werkenne sil as hja har meldt.

De Apple 1 wie ien fan de earste pc’s. Steve Jobs en Steve Wozniak ferkochten de kompjûters yn 1976 yn in garaazje foar 666,66 dollar. Ferline jier waard ien fan de eksimplaren noch foar 900.000 dollar feile.

maaie 31, 2015 10:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.